Aquazoo bout tigerûnderkommen mei beammen út Mongoalië

Yn bistepark Aquazoo by Ljouwert binne de tariedings úteinset foar in nij leefgebiet foar tigers. Twa Sibearyske tigers wurde takom jier yn Aquazoo ferwachte. Dêrom wurdt oan it eastlike part fan de bistetún wurke oan in ûnderkommen fan mear as 5.000 kante meter.
© AquaZoo
Dêrfoar wurde twa plassen wetter leechpompt. Op dat plak hienen earst karpers, seeliuwen en kroeskop-pelikanen harren plakje. De kommende moannen sil it bistepark der grotten, heuvels, klimbeammen en in wetterke meitsje.
Doel is om der safolle mooglik grien yn te krijen, mei planten en beammen út de omkriten fan de rivier de Amoer yn Mongoalië. Dêr libje de tigers noch yn it wyld.
© Aquazoo