Provinsje en gemeenten freegje Ryk om strukturele stipe foar behâld brune float

De provinsje Fryslân en de Fryske waadgemeenten wolle dat it Ryk struktureel jild frijmakket om de brune float te behâlden. Dêrfoar hawwe se in fersyk yntsjinne by it ministearje fan Ekonomyske Saken en it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
It fersyk is opsteld yn gearwurking mei de provinsjes Flevolân, Oerisel en Utrecht, de fertsjintwurdiging fan gearwurkjende skippen, de organisaasje foar de beropscharterfeart, de Vereniging Zuiderzeegemeenten en de Vereniging van Waddengemeenten.
It giet om in bedrach fan 1 miljoen yn 2022 euro en 2,5 miljoen euro it jier mei yngong fan 2023. "Dit ter ondersteuning van de gehele sector voor samenwerking in ambitie, marketing, duurzaamheid en certificering", stiet yn it plan.

Harns

De gemeente Harns is ien fan de gemeenten dy't it fersyk stipet. "Harlingen heeft de grootste bruine vloot van Nederland en zorgt als banenmotor voor miljoenen omzet in de regio. Winkels, leveranciers en ondernemers in recreatie en toerisme zowel klein en groot profiteren daar allemaal van mee en zorgen samen voor werkgelegenheid, plezier en vertier", seit wethâlder Paul Schoute.

Underhâld

It jild is bedoeld foar ûnderhâld op de lange termyn. "De schepen moeten ook verduurzamen. Ze varen nog diesel en dat kan op termijn niet meer. Dat kost zo'n 9.000 euro per schip. En in de komende jaren gaan veel schippers met pensioen. Hun opvolgers staan al klaar, maar voor de overname is ook geld nodig."

Merkpartijen

It is net de bedoeling dat de oerheid allinne alles betelje moat foar it 'varend erfgoed'. "Ook marktpartijen moeten helpen maar die komen over de brug als er geld van de overheid is." Fan de eardere coronastipe fan it Ryk, 15 miljoen, foar de sektor is ek noch jild oer. "Daar is zo'n 8,5 miljoen van besteed."
Der binne goed 400 histoaryske skippen yn Nederlân dy't ta de brune float rekkene wurde. It giet dêrby meast om eardere fracht- en fiskersskippen, wêrûnder skûtsjes, botters en klippers.
Paul Schoute