Liveblog | 17 novimber 2021

Coronanijs 17 novimber: Soad besmettingen yn it ûnderwiis | Fuotbalwedstriden sûnder publyk

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 17 novimber 2021, 22:51
woansdei 17 novimber 2021
22:50

Ein fan de liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.
21:36

Fuotbalklups net bliid

SC Cambuur en sc Hearrenfean bale. Harren wedstriden wurde yn de lockdown fan trije wiken net ferset nei in oar momint en dus spylje sy sûnder publyk yn lege stadions.
18:47

Krystmerk en winterbradery Appelskea skrast

De krystmerk en winterbradery fan Appelskea giet net mear troch. Neffens de organisaasje is mei alle belutsen partijen besletten dat it better net trochgean kin. De merk soe dit jier op 11 en 12 desimber hâlden wurde.
18:42

'Meitsje altyd in ôfspraak ast dy teste litte wolst'

GGD Fryslân warskôget dat yn it NOS Journaal sein is dat der op corona test wurde kin sûnder ôfspraak. Dit is lykwols net mooglik:
18:15

Mear befallingen yn coronatiid

Nimt it tal befallingen no ta troch corona? Nederlân sit middenyn in pyk fan berten, meldt it Centraal Bureau voor de Statistiek. By it sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean fernimme sy dat ek. Oant no ta binne dêr al 1.146 bern berne. Dat is sa'n 10 persint mear as de foargeande jierren.
Dat it tal poppen tanimt, lei wol yn de ferwachting. It coronafirus soe miskien in lyts triuwke wêze kinne. "Je binne thús en je ferfele je, de nachten wurde langer. Mar it is no miskien ek wol de tiid. Minsken binne thús, geane net op fakânsje, stelle miskien harren karriêrewinsken út. Miskien hat it dêr ek mei te krijgen. In omheechgeande line wie te ferwachtsjen, mar dy tendins komt no wat earder", seit Marrit van der Kort as klinysk ferloskundige by sikehûs Tjongerschans.
17:23

Twadde Keamer: gjin grien finkje as faksinearre persoan besmet rekket

De Twadde Keamer wol dat minsken dy't faksinearre binne en dêrnei posityf teste op corona tydlik gjin grien finkje mear krije yn de CoronaCheck-app. In moasje fan de fraksje-Den Haan krige de stipe fan in Keamermearderheid. Yn de moasje stiet dat de technyk fan de app oanpast wurde moat. It soe dan gean om de perioade dat se yn isolaasje moatte.
Neffens demisjonêr minister De Jonge is it privacytechnysk lestich te regeljen.
17:17

Peiling: faksinearre Nederlanners posityf oer boosterprik

Goed acht op de tsien Nederlanners dy't faksinearre binne soe in boosterprik sette litte sadree't dat kin. Dat docht bliken út in peiling dy't de NOS ûnder hast 2300 minsken dwaan litten hat. Dat is nei de parsekonferinsje dien.
17:09

GGD set maksimale kapasiteit fan personiel yn

De GGD komt om yn de minsken dy't har op it coronafirus teste litte wolle. "We zitten nu aan de maximale capaciteit, ook de buffercapaciteit wordt helemaal benut", seit Mees van der Hoff, basisdokter ynfeksjesyktebestriding fan de GGD.
By de teststrjitte yn Ljouwert stie in rige fan sa'n 150 meter, wachttiid: trije kertier. "Dat zijn taferelen waar we niet op zitten te wachten, maar de vraag is echt enorm. Wij hebben moeite om op te schalen op een moment dat heel veel mensen ziek zijn."
16:41

Boosterprik

De Gezondsheidsraad jout it advys dat minsken mei it Syndroom van Down sa gau as mooglik in boosterprik ha moatte. Earder wie dat advys oan âlderen en bewenners fan soarchynstellingen.
16:32

Online testôfspraak meitsje tydlik net mooglik troch steuring

It is net mooglik om in testôfspraak te meitsjen fia coronatest.nl. De webside hat lêst fan in steuring, meldt GGD GHOR. Wat de steuring krekt feroarsake hat, is net bekend. Telefoanysk kin it meitsjen fan in ôfspraak troch drokte ek dreech wêze, melde GGD GHOR earder.
De ôfrûne dagen is it drok by de teststrjitten, de GGD's namen juster in rekôrtal testen ôf.
16:22

Gjin keuringen by PKV Burgum troch twa firussen

De PKV (Pluimvee- en Konijnenfokkers Vereniging) yn Burgum hie saterdei oars in keuring hâlde sillen. Troch twa firussen is it keuren en tentoanstellen net mooglik: njonken de oprinnende coronasifers giet ek de fûgelgryp rûn yn ús lân.
16:02

Soad besmettingen yn it basisûnderwiis: "De hiele klasse nei hûs, juf is siik"

Der wurde hieltyd mear coronabesmettingen yn it basisûnderwiis fêststeld. Dat liedt der ta dat klassen nei hûs stjoerd wurde of dat skoallen ticht moatte, lykas yn Aldegea (Smellingerlân), Jobbegea, Lippenhuzen en op De Gerdyk.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei âlders en bern
"Leuk is anders, maar we hebben de test achter de rug", seit in mem. Sy en oare âlden krigen berjocht dat der corona op skoalle fêststeld wie en dat bern by klachten teste moasten, of thúsbliuwe moasten. Op in oare skoalle moasten bern ek nei hûs troch in besmetting: "De hiele klasse nei hûs, juf is siik", fertelt in heit.
15:15

675 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 675 nije coronabesmettingen fêststeld, dat meldt it RIVM. Lanlik binne der 20.829 besmettingen fêststeld.

Fjouwer stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren fjouwer stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan Smellingerlân, Dantumadiel en Noardeast-Fryslân (2).
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
14:48

GGD's teste rekôrtal minsken: 93.000 op ien dei

Yn it hiele lân binne juster 93.000 tests ôfnommen troch de GGD's, in nij rekôr. Dat meldt GGD GHOR. It binne der noch ris 2.000 mear as moandei, doe waarden sa'n 91.000 tests dien.
14:16

Medyske spesjalisten tsjin ferplichtsjen fan faksinaasjes soarchpersoniel

De Federatie Medische Specialisten is tsjin it ferplichtsjen fan faksinaasjes foar minsken dy't yn de soarch wurkje. Neffens de foarsitter fan de federaasje soe de plicht averjuchts wurkje kinne: "Ga je vaccinatie verplichten dan kan dat juist contraproductief werken. Dan lopen medewerkers weg en dat is het laatste wat we willen", seit Peter Paul van Benthem.
De spesjalisten fine it wol wichtich dat elkenien him faksinearje lit, mar sizze dat de kar fan it personiel úteinlik respektearre wurde moat. Neffens Van Benthem is de faksinaasjegraad yn de soarch ek al hiel heech.
13:55

GGD oerbelêste troch testafspraken

It is op it stuit troch grutte drokte hast ûnmooglik om telefoanysk of online in testôfspraak te meitsjen by de GGD. Dat meldt de NOS. Wa't bellet nei it lanlike GGD-nûmer krijt te hearren dat der gjin telefoanlinen beskikber binne en dat de ferbining ferbrutsen wurdt. En online is nei it ynfieren fan frijwol alle postkoades te sjen dat der gjin testplak fûn wurde kin.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Dat betsjut net dat der gjin testkapasiteit beskikber is, sizze de GGD's. Juster liet koepelorganisaasje GGD GHOR al witte dat de fraach nei testen sa heech is dat de GGD har maksimale kapasiteit berikt hat. Der wurdt besocht om op te skalen nei 120.000 testen de dei, mar dat is fanwegen personielsgebrek lestich.
13:27

Iepenbier ferfier rêstiger nei thúswurkadvys

It hat dúdlik rêstiger west yn treinen en bussen op moandei, de earste wurkdei nei't de coronaregels oanskerpe waarden. Nederlanners checkten goed fjouwer persint minder yn by it iepenbier ferfier yn fergeliking mei in wike earder. Dat meldt ov-chipkaartbedriuw Translink op basis fan sifers.
Moandei waard 2,9 miljoen kear gebrûk makke fan it iepenbier ferfier. Dan is it it rêstichst sûnt ein augustus, as de moandeis yn de hjerstfakânsje bûten beskôging litte wurden. Foarige wike moandei waard noch 3,1 miljoen kear yncheckt.
12:51

Fuotbalwedstriden geane kommende wiken troch, sûnder publyk

De KNVB hat bekendmakke dat de fuotbalwedstriden yn it betelle fuotbal de kommende wiken trochgeane. Der sil gjin publyk by de wedstriden oanwêzich wêze. Der is mei alle belutsen partijen sjoen oft de wedstriden opskood wurde koenen, sadat se letter mei publyk spile wurde koenen.
© Orange Pictures
De KNVB seit dat it opskowen fan de wedstriden hast ûnmooglik wie. It is boppedat net wis oft de wedstriden nei 4 desimber wol mei publyk spile wurde kinne. Dat betsjut dat de wedstriden SC Cambuur - FC Utrecht en sc Hearrenfean - Willem II kommende snein gewoan spile wurde.
11:55

MKB-Noord net tefreden mei kompensaasjepakket

MKB-Nederland en VNO-NCW seinen juster al dat se net wiis binne mei it kompensaasjepakket foar ûndernimmers. Joyce Walstra, foarsitter fan MKB-Noord, tinkt dat de measte ûndernimmers net iens yn oanmerking komme sille foar de stipe. Om yn oanmerking te kommen, moat in bedriuw 30 persint omsetferlies ha. "30 procent omzetverlies in drie weken in een kwartaal dat haal je eigenlijk niet", seit Walstra.
Foarsitter Joyce Walstra fan ûndernimmersferiening MKB Noord © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Boppedat soe de stipe net alle kosten dekke, leit Walstra út. "De arbeidskosten worden in het pakket zoals het nu voorligt helemaal niet vergoed", en dat soe foar de measte ûndernimmers de grutste kostepost wêze.
11:12

74 pasjinten mei corona yn de Fryske sikehuzen

Yn Fryslân lizze der neffens it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland 74 pasjinten mei corona yn de sikehuzen. Dêrfan lizze der 15 op in IC.
Juster leinen der yn Fryslân 67 pasjinten yn it sikehûs mei corona.
09:50

Romke de Jong (D66) jout 2G net de foarkar, "mar soarch moat berikber bliuwe"

De Jong seit dat de 2G-oanpak de foarkar net hat, mar dochs nedich wêze kin. "Ik fyn it ek hiel slim dat we op it stuit minsken net de soarch jaan kinne dy't se nedich hawwe. Dat is gefaarlik, dat is in risiko, dat moatte we no net nimme wolle", seit it Fryske Keamerlid.
Twadde Keamerlid Romke de Jong fan D66 © Omrop Fryslân
Oft de 2G-maatregel der úteinlik komt, hat neffens De Jong foar in grut part ek te krijen mei it advys fan it OMT. Dat komt der op freed. "Foar my it is kofjedik sjen, mar ik fernim wol dat der in soad partijen harkje nei de wittenskip en it OMT. Dus we wille sjen watfoar advys dêr útkomt."
09:33

Measte berten yn tsien jier

Yn de earste njoggen moannen fan 2021 binne 6.800 berten mear teld yn ús lân as yn dyselde perioade foarich jier. Dat meldt it CBS. Se ferwachtsje dat it tal berten dit jier dêrmei op sa'n 180.000 útkomme sil, dat is it heechste tal berten sûnt 2011.
© LEO Middelsé
De ferwachting wie al dat it tal berten de kommende jierren tanimme soe, leit it CBS út. Mar dat it no al tanimt, dat is mooglik wol in "klein corona-effect".
08:56

Flinke útbraak fan it coronafirus yn Lippenhuzen

De sporten en de skoalle yn Lippenhuzen binne efkes stillein op lokaasje. Yn it doarp is in flinke útbraak fan it coronafirus. "It lêste nijs is dat in fjirdepart fan de skoalle besmet is mei corona. Dan is der wol wat oan de hân yn ús lytse doarpke", seit Ernst Pieter Bantema fan sportferiening Thor.
De saneamde 'omny-feriening' SV Thor, dêr't meardere sporten ûnder falle, hat besletten dat de teams foarearst net spylje. Sels de yntocht fan Sinteklaas wurdt sneon oerslein.
08:25

Mearderheid Twadde Keamer foar 2G-oanpak noch net wis

De Twadde Keamer debattearre juster oer saneamde 2G-oanpak. Dat belied betsjut datst allinnich noch in QR-koade krije kinst ast folslein faksinearre bist, of wer better wurden bist fan corona.
© ANPFoto
Der kin foarearst allinnich rekkene wurde op stipe fan VVD en D66. Guon oare partijen hawwe oanjûn leaver nei alternativen te sjen, mar slute stipe foar in 2G-belied net út. It giet ûnder oaren om CDA, ChristenUnie en PvdA.
In alternatyf dat neamd waard is it saneamde '1G'. Dat betsjut dat elkenien him foar tagong ta eveneminten en hoareka teste litte moat. Stichting Open Nederland seit lykwols dat dat "net út te fieren" is.
tiisdei 16 novimber 2021
07:15

Op 'e nij brulloftsanulearringen

De nije coronamaatregels meitsje dat trouwerijen opnij útsteld wurde. Want oardel meter ôfstân hâlde en in feestlokaasje dy't al om 20.00 oere ticht moat binne gjin ideale omstannichheden. Trou-amtner Carina Roemers fan Dokkum sjocht wer annulearringen binnenkommen. "Bij mij gaat het nu om vier bruidsparen in de komende drie weken, maar er belde ook al een paar voor februari die het niet aandurft en de bruiloft wil verplaatsen."
Trou-amtner Carina Roemers fan Dokkum
Foar de pearen sels is it dreech. "Ik heb bruidsparen die al voor de vierde keer aan het verschuiven zijn. Dat wordt natuurlijk steeds moeilijker. Omdat heel veel mensen nu geen zekerheid hadden en het niet aandurfden, hebben heel veel bruidsparen het verschoven naar november-december, of zelfs naar januari-februari. Daar keken wij naar uit, want zelfs als het seizoen voorbij is, is het seizoen dus nog niet voorbij." Mar om't corona mar oanhâlden bliuwt, feroaret de situaasje opnij.
07:00

Wolkom

Wolkom by dit liveblog fan woansdei 17 novimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.