Mear buslinen ferdwine, reizgersorganisaasje benaud foar lange termyn

Reizgersorganisaasje Rocov is net te sprekken oer de foarnommen wizigingen fan it iepenbier ferfier yn Fryslân. Omdat it OV no ferlies makket wol de provinsje guon buslinen fan 9 jannewaris ôf skrasse.
De busline 1 troch Westeinde yn Ljouwert ferdwynt © Leo Middelsé
Troch it coronafirus meitsje minder minsken gebrûk fan it iepenbier ferfier. Dat kin finansjeel net út en dêrom moatte no guon buslinen fuort, as it oan de provinsje leit. De ferwachting is dat pas yn 2025 wer likefolle reizgers yn it iepenbier ferfier sitte as foar corona.
Benammen foar de buslinen yn Ljouwert binne de gefolgen grut. "We zien het met leden ogen aan", seit Rocov-foarsitter Ton Ettema. "Het is een heel ingrijpende zaak."
It Rocov hat wol in posityf advys jûn, mar koe ek net hiel oars, neffens Ettema. "We adviseren met onze handen op de rug. Het Rijk stelt voorwaarden voor transitieplannen, de provincie schrijft voor op de vervoerder. En dan moeten wij nog advies uitbrengen, maar eigenlijk is er niets meer om bij te schaven."

Reizgers komme net samar werom

Hy is benaud dat de provinsje mei de plannen minsken it iepenbier ferfier út jaget en net werom krijt. "Als je het zodanig afschaaft, krijg je de reiziger ook niet zomaar terug. Mensen gaan alternatieven zoeken. Als ze leuke buren hebben, vragen ze die voor vervoer. Of ze kopen een tweedehands auto."
Foar de trochsneed reizger geane de maatregels te fier, tinkt Ettema. De fraach nei it iepenbier ferfier giet dêrtroch allinnich mar fierder werom. "Dan zie je ze niet meer terug."
Het OV hoort dicht bij de mensen te zijn.
Ton Ettema, foarsitter reizgersorganisaasje Rocov
Foarbylden fan plakken dêr't dat gebeure kin is de wyk Westeinde yn Ljouwert of yn Ingelum. "In Westeinde is lijn 1 komen te vervallen. Er gaat nog wel een bus langs de rand van de wijk, maar dat is niet voor iedereen een goede oplossing. Mensen met beperkingen gaan niet zomaar een paar honderd meter lopen. Dat is jammer: het OV hoort dicht bij de mensen te zijn."
Busline 99 tusken Harns en It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn de Ljouwerter wyk komt der wol in oplossing mei in dielauto, mar Ettema omskriuwt dat as 'goedmakertje' dy't net in soad helpe sil. "Vrijwilligers moeten die auto regelen en kunnen dan iemand ergens heenbrengen en ophalen. Dat is leuk bedacht, maar mensen van buiten de wijk kunnen niet naar Westeinde komen. Er is geen goed alternatief."

Ien goede oplossing

It is net allinnich mar negatyf: foar de Ljouwerter wiken Aldlân en Nijlân is der in oplossing dy't Ettema wol befalt. It giet om it saneamde flintermodel: "In de avonduren komt er een bus die klaarstaat op het station en aansluit op binnenkomende treinen. Als instapt kun je aan de buschauffeur doorgeven naar welke halte je moet en op basis daarvan wordt de route bepaald. Als iemand vanuit de wijk naar het station moet, moet je nog wel bellen."
Gearfetting maatregels stedstsjinst Ljouwert: