Swimbad Kollum docht oanjefte nei bedrigings troch QR-koadewegerers

It swimbad fan Kollum docht oanjefte fan bedrigings fan minsken dy't net meiwurkje wolle oan it toanen fan in coronatagongsbewiis.
Zwemcentrum Kollum © Noordernieuws
Swimbaden moatte sûnt koart besikers ek om in QR-koade freegje. Dat dogge se by Zwemcentrum Kollum ek, mar dat wurdt net troch elkenien wurdearre, fertelt eigener Vincent Gottschalk. "In 80 tot 85 procent van de gevallen gaat het goed, maar de andere 15 procent wat minder."
"Maandagavond hadden we een akkefietje." In besiker koe gjin QR-koade sjen litte, mar woe wol nei binnen ta. Hy easke syn jild werom en salang't er dat net krige, bleau er binnen stean.
We zouden het nog wel merken, was de boodschap.
Vincent Gottschalk (eigener Zwemcentrum Kollum)
En dat wie net alles, fertelt Gottschalk: "Er stonden vervelende dingen op Facebook, iemand dreigde het zwembad in brand te steken. Ik snap wel dat er emotie is, maar dit is niet prettig."
It personiel yn it swimbad fielde him bedrige. "Het was niet prettig. We zouden het nog wel merken, was de boodschap."
Gottschalk hat oanjefte fan de bedrigings dien. De gemeente en de wykagint witte der ek fan. "Die gaan er nu over."

Oars slute

Uteinlik kin it swimbad ek net in soad, seit de eigener. "Deze regels worden door de overheid opgelegd. Dat mensen het er niet mee eens zijn, is prima. Maar als wij niet controleren op QR-codes, dan moeten we sluiten."
De minsken dy't gjin coronatagongsbewiis toane kinne, komme yn alle gefallen net werom. "Daar kiezen ze zelf voor", seit Gottschalk. "Wij veranderen niets."
De bern dy't swimlessen ha yn Kollum bliuwe wolkom, allinnich de âlden sûnder QR-koade kinne der dan net by wêze. Yn guon gefallen sille dy har bern ek net mear nei it swimbad ta stjoere, ferwachtet Gottschalk. "Dat begrijp ik niet, maar dat is de verantwoordelijkheid voor de ouders."