Kneppelfreed 70 jier: dei fan grutte betsjutting foar it Frysk

Kneppelfreed, in dei dy't de histoarje yngien is as in wichtige dei foar de posysje fan it Frysk, is hjoed op de kop ôf 70 jier lyn. Wat barde der dy dei?
Motorplysje mei sydspan op Kneppelfreed yn 1951 © LC
Op 16 novimber 1951 moasten haadredakteur Fedde Schurer fan de Heerenveense Koerier en Steatelid Tsjebbe de Jong (kollumnist fan it Bolswarder Nieuwsblad) foar de rjochtbank ferskine. Se soenen misledigjend skreaun ha oer rjochter Wolthers.

Frysk ferbean

Dy hie yn in sitting op 17 oktober 1951 feedokter Van den Burg fan De Lemmer ferbean om Frysk te praten yn in sitting oer in ferkearsoertrêding. In tolk kaam der net en nei oeren wachtsjen koe Van den Burg de rjochtseal ferlitte. Hy die dêrnei syn ferhaal op it buro fan de Heerenveense Koerier en Schurer skreau doe in fûl haadredaksjoneel artikel.
Wolthers hie yn 1948 ek alris it brûken fan it Frysk ferbean yn de rjochtseal. De oertrêding wie doe dat twa molketapers út Aldeboarn op harren molkbussen molke en sûpe skreaun hiene. Dat mocht net.

Kneppel en brânspuit tsjin rebûlje

Op 16 novimber 1951 moasten Schurer en De Jong foar de Ljouwerter rjochtbank ferskine fanwege mislediging fan rjochter Wolthers. Foar de doarren fan it gerjochtsgebou ûntstie rebûlje by it manmachtich opkommen publyk. Yn de seal wie mar plak foar tweintich minsken. Te lyts foar studinten en de parse dy't derby wêze woenen.
Haadrolspilers fan Kneppelfreed oer wat der dy dei barde:
De plysje miende dat it te drok waard foar de rjochtbank, ek foar it ferkear dat der del ried. Mar it rûn út de hân. Mei de wapenstôk (kneppel) en de brânspuit besochten se om in ein te meitsjen oan de ûnrêst.
Doe't de rêst wer wat weromkaam, gie it publyk yn optocht nei it Oranje Hotel, dêr't protesttelegrammen opsteld waarden dat it Fryske folk him sa net behannelje liet.
In pear jier letter wie it rjocht om Frysk te praten yn de rjochtbank regele by wet. Kneppelfreed wurdt noch hieltyd sjoen as kearpunt yn de emansipaasje fan it Frysk.
Besjoch ek de útstjoering fan It Paad Werom oer Jan Bearn Singelsma, earste foarman fan de FNP. De Fryske Nasjonale Partij waard yn 1962 oprjochte as ien fan de gefolgen fan Kneppelfreed: mear foech by de provinsje wat de Fryske taal en oare regionale saken oanbelanget.
Op de webside Weromrop binne hûnderten programma's fan Omrop Fryslân út de jierren 1985 oant 2005 werom te sjen. Lykas dizze programma's oer Kneppelfreed: