Sisca Folkertsma hat op 'e nij in knibbelblessuere
Fuotbalster Sisca Folkertsma fan Sleat hat foar de twadde kear in slimme knibbelblessuere. Dy hat se ferline wike by in training oprûn, meldt har klup FC Girondins de Bordeaux.

Neffens de klup wurdt Folkertsma yn Nederlân operearre. It is de twadde kear dat Folkertsma in slimme knibbelblessuere hat. Earder miste se it WK yn 2019, doe hie sy de foarste krúsbân ôfskuord.