Fries Scheepvaart Museum krijt 17e-iuwske Snitser portretten yn brûklien

Yn it Fries Scheepvaart Museum binne fan moandei ôf twa 17e-iuwske portretten te sjen fan in legerkapitein en syn healsuster út Snits. De skilderijen binne oankocht troch de Ottema-Kingma Stichting op in feiling yn Keulen. It museum hat se foar lange tiid yn brûklien krigen.
Adriaen Slijp (1587-1666) © Fries Scheepvaart Museum | Freerk Bokma
Direkteur Hester Postma fan it Fries Scheepvaart Museum is wiis mei de portretten, om't it museum noch net sokke âlde portretten fan ynwenners fan Snits hie. "Met zijn portret kunnen we een nieuw en voor velen nog onbekend stukje Sneker historie vertellen."

Wa wiene Adriaen Slijp en syn suster?

Adriaen Slijp waard yn 1587 yn Snits berne. Yn 1624 folget hy syn heit op as kapitein fan de tredde kompanjy fan it Frysk-Nassauske leger. Yn 1629 kin Slijp as kommandeur foarkomme dat it Spaanske leger de stêd Hattum binnenfalt.
Sa'n 22 jier letter wurdt er luitenant-kolonel fan it twadde rezjimint ynfantery. It soe goed kinne dat doe it portret fan him makke is. Yn 1664 wurdt Slijp skepen fan Snits, dêr't er twa jier letter ferstjert. Mear ynformaasje oer Adriaen Slijp is hjir te finen.
Elisabeth Slijp © Fries Scheepvaart Museum | Freerk Bokma
Njonken it portret fan Adriaen is der ek in portret fan syn healsuster Elisabeth Slijp. Sy hiene deselde heit. Adriaen ferstoar sûnder bern, Elisabeth troude mei in Limburchske skepen. Fia har neiteam binne de skilderijen nei alle gedachten yn Keulen bedarre.

Pieter Nason

De skilderijen binne makke troch Pieter Nason (1612-ca. 1688), dy't in soad hege offisieren, reginten en stedehâlders skildere hat. Yn Fryslân binne ferskate skilderijen fan syn hân te sjen. Bygelyks fan stêdhâlder Ernst Casimir II en Pibo van Doma.
In selsportret fan skilder Pieter Nason © Wikimedia Commons