Guon net-faksinearre heiten en memmen ha by swimbad De Kûpe yn Bûtenpost in boukeet pleatst, sadat se har bern dêr omklaaie litte kinne. Ofrûne wykein pleatste in heit in foto doe't er syn bern bûten omklaaie liet,
skriuwt RTV NOF. By it swimbad stiet befeiliging dy't kontrolearje op it coronatagongsbewiis en in ID-kaart. Dat is neffens lanlike rjochtlinen.