De Tocht set in farrende iisbaan yn om jild op te heljen foar de musical

It wie in bysûnder gesicht: in driuwende iisbaan op de Alvestêderûte. It gie om in aksje fan musical De Tocht. De organisaasje wol stilstean by it feit dat de lêste Alvestêdetocht 25 jier lyn wie.
Der moat noch goed trije miljoen euro byinoar helle wurde om de musical mooglik te meitsjen.
De organisaasje fan De Tocht hat in crowdfundingsaksje opset om it finansierjen fan de musical mooglik te meitsjen. Yn ien wike is der al 1,2 miljoen euro ophelle.
Om de aksje te stypjen, waard in farrende iisbaan ynset. "Wy hawwe in iisbaan fan 30 meter oer it Alvestêdewetter farre litten om de riders en bern it gefoel te jaan dat sy de tocht ride. Wy krigen geweldige reaksjes, fan de wâl of like it fansels moai", seit kreatyf produsint Foppe van der Veen.
Foppe van der Veen fan De Tocht
Der wurdt alles op alles set om de musical trochgean te litten. "Der wurdt in teäter boud fan 110 meter lang, 14 meter heech en 60 meter breed. Dêryn kinne wy de wrâld fan de Alvestêdetocht delsette. Je kinne mei de riders mei fan stêd nei stêd. It wurdt in spektakel dat je noch net meimakke hawwe. It kostet yn totaal 8,5 miljoen euro om de musical te meitsjen. Wy wolle dat jild graach by de minsken wei helje, om't it ek in tocht fan de minsken is. It is wol in yngewikkelde tiid, mar wy hawwe de oertsjûging dat it slagget."