Gattegravers slaan wer ta; ek op Weidumer tsjerkhôf binne gatten groeven

Nei de skeining fan it tsjerkhôf yn Boksum earder dizze wike, binne ek gatten groeven op it hôf by it Johannestsjerke yn Weidum.
Skea yn Boksum © Omrop Fryslân
Nei alle gedachten ha minsken dwaande west mei in metaaldetektor. Dat tinkt Dirk Limburg, dy't jierrenlang koster fan de tsjerke wie en no noch hieltyd as frijwilliger aktyf bydraacht oan it ûnderhâld fan it tsjerkhôf ek.
Wêr't de gattegravers nei sykje, wit Limburg net. De tsjerke stiet der al sûnt de tolfde iuw, miskien is oait in muntstik út de bûse fallen en sykje se nei dat soart foarwerpen út in fier ferline. Limburg tinkt net dat der folle rykdommen te finen binne.

Skea

De materiële skea is net grut, want de gatten kinne wol wer tichtgoaid wurde. Mar it docht oaren, bygelyks de neibesteanden fan de minsken dy't op it tsjerkhôf lizze, wol sear.
De gravers hawwe wierskynlik nachts dwaande west. Limburg ropt op om de kommende tiid wach te wêzen.
Dirk Limburg oer de gatten by de Johannestsjerke