Caravan folslein útbaarnd yn Drachten
Yn Drachten is yn de nacht fan sneon op snein in caravan útbaarnd. Dy stie op it camperplak oan de Jelle Plantingstraat. De brânwacht koe net tefoaren komme dat de caravan folslein ôfbaarnde.
Flak nei de melding seach in tsjûge fjouwer jongeren fuortrinnen rjochting it Mûnein.
Yn oktober baarnde op itselde plak ek al in optearwein ôf.