Liveblog | 14 novimber 2021

Buma oer ûnrest Ljouwert: "Onaanvaardbaar" | Lanlik mear as 1800 coronapasjinten yn it sikehûs

Yn dit liveblog melde we al it Fryske nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 14 novimber 2021, 21:58
snein 14 novimber 2021
21:58

Oant safier

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op!
18:31

Liet 2021 giet troch

Nettsjinsteande de nijste coronamaatregels giet Liet 2021 nije wike woansdei troch. Dat hat de organisaasje bekend makke. It songfestival is wol sûnder publyk.
Omrop Fryslân stjoert de show fan 20.00 oere ôf wol live út. It publyk kin foar it earst online stimme op harren favoryt. Dizze publykstim is it fiifde sjuerylid.
16:10

Ton Eijer oer de hoareka-aksje: "Dit is net hoe't wy op de kaart stean woene"

"Dat is net sa as wy op de kaart stean woene", seit Ton Eijer fan de Ljouwerter hoareka oer de rellen dy't juster yn it sintrum fan Ljouwert wiene.
Foarsitter Ton Eijer fan Koninklijke Horeca Nederland yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Neffens him begûn de jûn sfearfol, mar wiene der ek oare sinjalen. "We hiene wol sinjalen krigen dat minsken bewust nei Ljouwert gean soenen om te relskoppen. Dat hat neat te krijen mei coronamaatregels: sy sykje bewust konfrontaasje mei de plysje."

Trochkrongen yn Den Haag

"It wichtigste is dat we trochkrongen binne yn Den Haag, dat der fluch in gesprek komt. De stipemaatregels moatte op oarde, wêr is ús takomst?"
16:00

Skoalle Aldegea (Sm) hiele wike ticht

Skoalle De Diamant yn Aldegea (SM) bliuwt fan moandei 15 novimber ôf de hiele wike ticht. Dat is besletten fanwegen it hege tal besmettingen ûnder learlingen en âlders yn Aldegea, en op basis fan advys fan de GGD.
"We begrijpen dat een week schoolsluiting een ingrijpende zaak is", skriuwt it skoalbestjoer. Se hoopje dat de skoalle op moandei 22 novimber wer iepen kin.
15:31

RIVM: 292 nije besmettingen yn Fryslân; mooglik in steuring

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 292 nije coronabesmettingen registrearre. Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 12.052.
Mooglik falle dizze sifer leger út troch in eardere steuring by it RIVM.

Gjin stjergefallen

Der binne gjin stjergefallen fêststeld troch it coronafirus. Wol is der ien pasjint mei it coronafirus opnommen yn de Fryske sikehuzen.
15:24

Boargemaster Buma oer ûnrêst yn Ljouwert: 'Ik vind het onaanvaardbaar'

Boargemaster Buma fan Ljouwert fynt it 'onaanvaardbaar' wat der sneontejûn yn de stêd bard is. Nei't de hoareka twongen wie om acht oere de doarren te sluten, kearde in grutte groep minsken har tsjin de plysje. De plysje soe bekûgele wêze mei stiennen, glês en fjoerwurk. Der binne 16 oanhâldingen west.
Sybrand Buma © Omrop Fryslân
Earder hienen fjirtich hoareka-ûndernimmers sein dat se net tichtgienen om 20.00 oere, mar nei in petear mei boargemaster Buma ha se har dellein by de nije coronamaatregels. De gemeente drige mei in twangsom fan maksimaal 10.000 euro foar hoarekasaken dy't net om acht oere de doarren sluten soene.

'Heel veel begrip' foar ûndernimmers

De boargemaster hat lykwols 'heel veel begrip' foar de ûndernimmers. "Dat zij een uitlaatklep zoeken om hun boosheid te laten zien, dat snap ik. Het kan alleen niet zo zijn dat daarmee een regel, die echt ook bedoeld is om de verspreiding van een virus te voorkomen, niet wordt nagevolgd. Dus er zit voor mij een verschil tussen begrip voor de boosheid en het accepteren van het langer openzijn."
14:52

Boargemaster Buma: sneontejûn 16 minsken oanholden by rellen yn Ljouwert

Boargemaster Buma seit dat der 16 minsken oanholden binne by de rellen yn Ljouwert. Dat binne de lêste sifers. Earder liet de plysje witte dat it om 15 minsken gie, wêrfan 6 minderjierrich binne.
14:42

Kabaretgroep Flying Stars skrast optredens; lêste foarstellings no yn it foarjier

Kabaretgroep Flying Stars woe takom wike nei 74 jier ôfskied nimme fan it publyk yn Weststellingwerf, mar troch de maatregels moat de groep der no dochs noch efkes mei wachtsje.
De groep hat freedtejûn noch optreden, in dei letter soene se dat opnij dwaan. Dat wie wat de maatregels oanbelanget noch wol mooglik west, mar ien fan de leden fan de kabaretgroep hat no it firus oprûn. De twadde foarstelling yn Wolvegea gie dêrom net troch. Dat jildt ek foar de twa foarstellings yn Noardwolde fan takom wike. Dêr soe Flying Stars sneon yn it Buurtbuus foar de lêste kear optrede.
De trije optredens wurde lykwols yn it foarjier ynhelle; de data binne noch net bekend.
14:27

Mear as 1800 pasjinten yn it sikehûs yn Nederlân

De Nederlânske sikehûzen hawwe op it stuit 1863 coronapasjinten. Dat meldt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding. Dat is opnij mear as 24 oeren lyn, doe't 1790 minsken mei corona yn it sikehûs leine.
Op de intensive cares lizze no 337 minsken dy't Covid-19 hawwe: it binne der 12 mear as in dei earder.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Soarchmeiwurkers fersoargje op it stuit 1486 coronapasjinten, dat binne der 61 mear as in dei lyn.
13:36

KHN yn petear mei minister Ferd Grapperhaus

Koninklijke Horeca Nederland hat kommende tiisdei in petear mei demisjonêr minister Ferd Grapperhaus fan Justysje en Feiligens. Ek demisjonêr minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken en Klimaat sil oanskowe.
© Shutterstock.com
Yn it oerlis wol KHN sjen nei hoe't de maatregels eventueel better makke wurde kinne. Ek wolle se sjen nei de finansjele kompensaasje foar de hoareka, sa seit in wurdfierder fan de KHN.

'kroeghoppen' tefoaren komme

It KHN wol ek graach prate oer in '20.00 oere-model'. Gasten kinne dan oant 20.00 oere nei binnen, mar se kinne dêrnei oant slutingstiid yn de hoarekasaak bliuwe. It soe it 'kroeghoppen' tefoaren komme en de útstream oer de jûn ferspriede.
13:00

Noch hieltyd drok by callcenter GGD

It is noch altiten drok by it callcenter fan de GGD, dêr't minsken nei ta belje kinne foar in testôfspraak. Fan snein 08.00 oant 12.00 oere binne der 47.000 ôfspraken makke, lit GGD GHOR witte. Benammen moarns is it drok, seit in wurdfierder. "We zien in de ochtend echt een enorme piek. Mensen zijn misschien met klachten wakker geworden en bellen dan direct."

Letter nochris besykje

De organisaasje ropt minsken op om it letter op de dei nochris te besykjen as it har moarns net slagge is troch de drokte. Minsken kinne oant 20.00 oere belje.
It callcenter fan de GGD skaalt "continu" op om minsken oan in coronatest helpe te kinnen. Nettsjinsteande de drokte fan ôfrûne wike kin de GGD noch hieltyd "in vrijwel alle gevallen" binnen 48 oeren de testútslach trochjaan.
12:27

Detailhannelorganisaasje tsjin QR-koade op it wurk

Foarsitter Krein Brons fan detailhannelorganisaasje InRetail warskôget foar de ynfier fan de QR-koade op it wurk. Ek is hy tsjin it gebrûk hjirfan by klanten.
"Als we dit gaan doen, ontstaat er een enorme polarisatie", seit Brons. Minsken dy't net yninte binne, meie net nei hûs stjoerd wurde as se net troch betelle wurde. "En als je ze wel gaat doorbetalen, dan willen anderen ook wel een dag vrij".
In QR-koade © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Hy tinkt dat de QR-koade yn de detailhannel foar grutte problemen soargje sil. "Dat worden gewoon complete gevechten. Dat wordt onderschat. Daar in Den Haag weet men absoluut niet wat er op de werkvloer gebeurt."
12:03

Rellen yn Ljouwert: 6 fan de 15 oanhâldingen binne minderjierrich

Fan de 15 minsken dy't sneontejûn oanholden binne yn Ljouwert, binne 6 minderjierrich. De plysje docht no fierder ûndersyk nei de bylden fan sneontejûn, doe't minsken manmachtich nei it sintrum kamen om't de hoareka net nei achten slute woe.
10:22

Priklokaasje Drachten ekstra iepen oant 17.00 oere

De faksinaasjelokaasje yn Drachten is hjoed ekstra iepen foar minsken dy't in prik ha wolle. De lokaasje is iepen oant 17.00 oere. Minsken kinne der te plak sûnder ôfspraak, seit GGD Fryslân.
Juster stiene der lange rigen by de faksinaasjelokaasjes yn Snits en Ljouwert fan minsken dy't graach in prik ha woene. Dy beide lokaasjes binne hjoed ticht.
08:37

Eksperts: nei alle gedachten ek takom jier in neijjiersgolf

Eksperts sizze dat ek takom jier nei alle gedachten it tal besmettingen wer heech oprinne sil. "Het virus blijft gewoon circuleren. Ik reken erop dat het virus ons leert dat we ons gedrag moeten aanpassen of maatregelen moeten nemen", seit epidemiolooch Luc Coffeng by de NOS.
De faksins beskermje goed tsjin sykte, mar se geane net de fersprieding fan it firus tsjin. En dêrom tinke de measte eksperts dat ek takom jier de basismaatregels werom komme sillle.
08:05

Plysje hat 15 minsken oanholden by rellen yn Ljouwert

De sfear yn Ljouwert nei it sluten fan de hoareka:
By de rellen yn Ljouwert sneontejûn hat de plysje 15 minsken oanhâlden. In grutte groep minsken wie yn it sintrum nei't de hoareka om 20.00 oere de doarren ticht die.
Earst waard songen en wie der muzyk, mar letter sloech de sfear op it Saailân om en moast de ME yn aksje komme om de minsken fuort te stjoeren. Der is mei fjoerwurk en bierfleskes op plysjeminsken en de ME smiten. Der waarden 15 minsken oanholden troch de plysje.

Net ticht

Earder hienen fjirtich hoareka-ûndernimmers sein dat se net tichtgienen om 20.00 oere, mar nei in petear mei boargemaster Buma ha se har dellein by de nije coronamaatregels
sneon 13 novimber 2021
07:00

Wolkom

Wolkom by dit liveblog fan snein 14 novimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin op dit plak.