Opskuormakkers wegeren sintrum Ljouwert te ferlitten: ME yn aksje kaam
De sfear yn de Ljouwerter binnenstêd sloech sneontejûn om. Dêr't de jûn begûn mei gesang en muzyk, moast letter de ME yn aksje komme by it Saailân. Der is mei fjoerwurk en bierfleskes op plysjeminsken en de ME smiten. In groep wegere it sintrum te ferlitten.
De plysje rôp eltsenien op om nei hûs te gean. Der binne neffens de earste berjochten ferskate minsken oanholden.