Kommissaris Brok: "Sûnder better en mear ûnderwiis hat it Frysk gjin takomst"

Sûnder better en mear ûnderwiis hat it Frysk gjin takomst. Hoewol't de taal takomst hat, moat der noch in soad barre om dy te behâlden. Dat boadskip hie kommissaris fan de Kening Arno Brok by de presintaasje fan in nij boek oer Kneppelfreed. Dat is skreaun troch Peter Boomsma.
Peter Boomsma mei syn boek © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It is 16 novimber 70 jier lyn dat Kneppelfreed plakfûn. Boomsma fûn dat in goed momint om te sjen nei it ferline en de takomst fan de Fryske taal. Hy frege kommissaris fan de Kening Arno Brok, advokaat Tjalling van der Goot, âld-lektor Alex Riemersma en âld-boargemaster Johanneke Liemburg om mei te skriuwen. It giet dan om de stân fan saken yn it ûnderwiis, de rjochtbank en yn bestjoerlik Fryslân.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Omrop Fryslân
Yn oare lannen mei minderheidstalen wurdt yn it ûnderwiis folle mear dien oan it Frysk, sa stelt Brok. "It Katalaansk hat yn Spanje op skoallen ek in oar plak as it Frysk by ús. By op syn minst in kwart fan de lessen moat de fiertaal Spaansk wêze. It Katalaansk is de haadtaal yn it skoalgebou."

Fries is sels in faktor

Feroarje je soks net, sa stelt Brok, dan hat de taal gjin takomst. "De Fries soe sa sels in faktor wêze yn it ferkwânseljen fan de eigen identiteit. Wy skeakelje yn in sucht oer op it Nederlânsk."
Dat bart ek yn de rjochtbank docht bliken út ûndersyk. Dit jier ha der mar sân Friezen frege om in tolk. Neffens Brok is soks op 650.000 Friezen ûnbesteanber. De emansipaasje fan de Fries is dan en noch net klear stelt de kommissaris.
Tjalling van der Goot © Omrop Fryslân
Advokaat Tjalling van der Goot dy't meiskreaun hat oan it boek is it dêr mei iens. Neffens him soe elke offisier of rjochter dy't yn Ljouwert wurket op syn minst it Frysk passyf behearskje moatte. "Dat moat net sa dreech wêze. Seker net foar ien dy't hjir wurkje wol", seit Van der Goot.

Bettere rjochtspraak

Neffens him makket dat de rjochtspraak ek better: "As ien him goed uterje kin yn syn eigen taal dan krije je minsken dy't makliker prate en ek better fragen beäntwurdzje. Dan kin de rjochter folle better útspraak dwaan en giet de kwaliteit omheech." Van der Goot hat dan ek mar ien winsk, 70 jier nei Kneppelfreed: "Dat we gjin tolken mear nedich ha hjir yn de rjochtbank."
De FryslânDOK 'U heeft het recht om Fries te spreken' giet ek oer Kneppelfreed. FryslânDOK docht ûndersyk nei de fraach hoe't it Frysk by de rjochtbank der no foar stiet, 70 jier nei Kneppelfreed. Dat wiist net sa bêst: de tolken Frysk dy't by justysje wurkje, binne yn staking tsjin de lege beleanning en dêrmei driget it Frysk wer út de rjochtspraak te ferdwinen. De Ried fan Europa makket him soargen oer hoe't Nederlân omgiet mei it Frysk.