Ljouwerter hoareka slút doarren net om 20.00 oere: "We binne der klear mei"

De hoareka yn Ljouwert giet dizze sneontejûn nei acht oere net ticht, sa't neffens de nijste coronamaatregels moat. De fjirtich ûndernimmers ha der sneontemoarn oer praat en binne derút: "We binne der klear mei."
Ljouwerter ûndernimmers dy't by it oerlis wienen © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
"It is in statement: we bliuwe iepen", seit Ton Eijer, foarsitter fan de hoareka yn Ljouwert. "We ha ús nocht, it is alle kearen wer de hoareka. We ha sjen litten dat we feilich ûndernimme kinne, der binne hast gjin besmettingen yn de sektor. De measte saken ha krekt alles wer op oarder mei it personiel."
De Ljouwerter hoareka wol iepen bliuwe:
Hanthaving sil wol kontrolearje en mooglik boetes útdiele. "Dat sjogge we wol, mar we wolle in sinjaal ôfjaan. We binne lilk. It hat moai west."
Ton Eijer