Rapport Frysk Sosjaal Planburo: 'Untwikkelje in takomstfyzje foar Fryslân'

De Fryske polityk moat in takomstfyzje foar Fryslân formulearje. Mei dy fyzje kinne de útdagingen foar de takomst dan oanpakt wurde. Dat is ien fan de wichtichste konklúzjes út de twadde ferzje fan it rapport 'Leven in Fryslân' fan it Frysk Sosjaal Planburo.
Der is twa jier wurke oan it rapport:
It rapport is freedtemoarn oanbean oan deputearre Friso Douwstra. Yn it rapport is foar 11 tema's, dy't te krijen ha mei leefberheid, útsocht hoe't Fryslân it docht yn fergelyk mei de rest fan Nederlân.
Neffens ûndersiker Wilma de Vries fan it Sosjaal Planburo komme der fjouwer útdagingen út it rapport nei foaren foar de Fryske polityk: hoe hâldst Fryslân oantreklik foar jongerein, hoe giest om mei de tanimmende fergrizing, hoe foarkomst dat de kleau tusken heger- en leger oplaten tanimt en hoe giest om mei it Fryske lânskip?

Antwurden fine

It wichtichste boadskip fan it rapport is neffens De Vries dat de polityk in fyzje ûntwikkelje moat foar de takomst fan Fryslân. Mei dy fyzje kin in antwurd fûn wurde op de útdagingen út it rapport.
De Vries: "Dy útdagingen ha allegearre mei-inoar te krijen. As it oer it lânskip giet, giet it bygelyks ek om ynfrastruktuer en ek om wenningbou. Pakst der dan ien sektor út as provinsje om belied op te meitsjen, dan bist der net."
Wy wurkje yn de Steaten alle dagen oan de takomst fan Fryslân.
Friso Douwstra, deputearre
Deputearre Friso Douwstra krige it rapport freed útrikt. Hy bestriidt dat der no gjin fyzje wêze soe foar de takomst fan Fryslân: "Der wurkje wy hjir yn de Steaten alle dagen oan. Dat komt yn sa'n rapportaazje, ien kear yn de twa jier, dan wer efkes helder yn byld."
It rapport © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Douwstra neamt bygelyks it Deltaplan fan it Noarden as foarbyld fan sa'n fyzje op de takomst: "It berikber hâlden fan Fryslân hat in posityf effekt, is ús ferwachting. Dan komme der hjir mear minsken om te wenjen. Want de fergrizing nimt ta, mar de befolkingsgroei op himsels net. Dus ha we dy ynstream ek nedich, want we ha fakatueres, yn sikehûzen bygelyks, dêr't minsken wurkje moatte. Dan moatte je oantreklik wêze, en berikber wêze. Dus moatte der hûzen komme en moatte je ynvestearje yn mobiliteit."

Fryske Paradoks

Twa jier lyn kaam de saneamde Fryske Paradoks nei foaren yn de earste ferzje fan it rapport. It opliedingsnivo fan Friezen wie leger, der wiene mear wurkleazen en de leanen wiene ek leger, mar Friezen wienen wol gelokkiger as oaren.
Oan dy situaasje is yn de ôfrûne tiid net in soad feroare seit De Vries: "Yn grutte linen is dat noch altyd it gefal. De ynkommens binne noch leger, it ûnderwiisnivo is noch leger. Op it gebiet fan wurkleazens is wol winst makke, dat sit no op lanlik nivo."
En hoe sit it dan mei ús gelok? "Lanlik sjoen binne Friezen noch altyd it meast tefreden oer harren libben. Dêr kinne wy mei ús allen bêst wat grutsk op wêze."