Ids Willemsma wol yn 2001 ôfwiisde Kneppelfreed-tinkstien noch hiel graach realisearje

Keunstner Ids Willemsma wol stommegraach syn Kneppelfreed-tinkstien meitsje foar de gevel fan it Ljouwerter Paleis fan Justysje. It ûnwerp - in berteleppel fan 7 meter heech - makke Willemsma al 20 jier lyn, by it 50-jierrich jubileum fan Kneppelfreed, op fersyk fan in breed gearstalde kommisje. Mar it ûntwerp foel doe net yn goeie ierde by it bestjoer fan it gerjochtshôf.
© Omrop Fryslân, Karen Bies
Willemsma beskôget Kneppelfreed as de berte fan de emansipaasje fan it Frysk, en woe mei syn ûntwerp oanslute by de tradysje fan de berteleppel. It soe in tinkstien wurde moatte dêr't in besiker fan it gerjochtshôf net omhinne kin.

'Opruiend en aanstootgevend'

De presintaasje fan it ûntwerp op it gerjochtshôf sil Willemsma net gau ferjitte. "De foarsitter neamde myn ûntwerp 'opruiend en aanstootgevend'. Hy hat dat fierder net útlein, mar ik tink dat er myn ûntwerp te grut fûn en te belangryk. Hy wie noartsk en hiel resolút: dat wol ik net, it kin net en it mei net. Ik haw doe myn tee opdronken en bin wer nei hûs gien. Fan dy hiele rjochtbank haw ik nei de tiid nea wer wat heard."
Sûnt dy dei stiet de makette fan it Paleis fan Justysje en berteleppel yn Willemsma syn atelier. Willemsma soe de berteleppel hiel graach noch in kear meitsje wolle, as er de kâns krijt. "Ik moat net noch tsien jier wachtsje, want dan bin ik yn de tachtich en dan kin ik it miskien net mear. Mar dit is ien fan de lêste grutte dingen dy't ik hiel graach meitsje wol."

FryslânDOK

Ids Willemsma lit syn ûntwerp sjen yn it tv-programma 'U heeft het recht om Fries te spreken' dat Omrop Fryslân it kommende wykein útstjoert.
Keunstner Ids Willemsma oer syn ûntwerp: