Ekspert fan Ried fan Europa 'ferûntrêst' oer problemen mei it Frysk by de rjochtbank

De situaasje mei it Frysk by rjochtbank en gerjochtshôf yn Ljouwert is 'ferûntrêstend' en 'problematysk'. Dat seit rjochtsgelearde René de Groot út Maastricht. De Groot is lid fan it Committee of Experts dy't foar de Ried fan Europa kontrolearret oft Nederlân him wol hâldt oan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen.
It gerjochtshof yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Nederlân hat yn dat Hânfêst fêstlein dat Frysk prate altyd mooglik is op de rjochtbank en it gerjochtshôf yn Ljouwert. By eardere kontrôles troch de Ried fan Europa foldie Nederlân noch oan dizze ôfspraak.

'Tryst'

De praktyk is de lêste tiid lykwols oars: lang net alle rjochters yn Ljouwert kinne Frysk ferstean en de trije Fryske rjochtbanktolken binne net mear beskikber fanwege in slepend konflikt mei it ministearje fan Justysje oer de lege tariven.
Professor René de Groot neamt it 'tryst' en 'tige problematysk' dat it rjocht om Frysk te praten by de rjochter hjirtroch 70 jier nei Kneppelfreed wer ûnder druk stiet. "Het verwondert mij dat er niet een aparte oplossing wordt gecreëerd voor de Friese rechtbanktolken. Je kunt alle aanbestedingsproblemen omzeilen door één of twee tolken in dienst te nemen."

Kontrôle

It Committee of Experts komt yn de maitiid fan 2022 wer nei Fryslân om te kontrolearjen yn hoefier oft Nederlân him hâldt oan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen en it Ramtferdrach foar Nasjonale Minderheden. De Groot hopet dat de problemen mei it Frysk by rjochtbank en gerjochtshôf foar dy tiid oplost binne. "Je kunt nu slechts zeggen dat Nederland dreigt af te dalen richting een onvoldoende."
De Ryksoerheid hat de Ried fan Europa yn de lêste rapportaazje oer it Hânfêst skreaun dat it goed giet mei it brûken fan it Frysk yn rjochterlike prosedueres en dat der sels in 'wenkend perspectief' wêze soe op fierdere ferbettering. "Als de commissie dan volgend jaar moet constateren dat Nederland niet voldoet aan de afspraken in het Handvest is dat erg pijnlijk. Niet alleen voor het Fries, maar voor het hele Koninkrijk der Nederlanden."
Ekspert fan Ried fan Europa 'ferûntrêst' oer problemen mei it Frysk by de rjochtbank
Ekspert René de Groot fan de Ried fan Europa
Omrop Fryslân stjoert dit wykein in FryslânDOK út oer it Frysk by de rjochtbank mei as titel 'U heeft het recht om Fries te spreken'.