Opnij wykrekôr coronagefallen: yn hiele provinsje flinke groei besmettingen
Noch nea earder binne yn ien wike safolle coronabesmettingen yn Fryslân fêststeld as de ôfrûne wike. It wienen der 3.565. Dêr't de ôfrûne wiken benammen yn it noardeasten it tal besmettingen heech lei, is no yn sawat de hiele provinsje in flinke groei te sjen.

Gemiddeld binne der yn Fryslân de ôfrûne wike alle dagen 509 besmettingen by kaam. Ferline wike wie dat trochsneed 279, noch in wike earder 230.
Yn de gemeente Ljouwert binne de measte besmettingen fêststeld: 546 kear. Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (435) en Hearrenfean (387).
Dantumadiel omrekkene measte besmettingen
Fan de fêstelânsgemeenten leit it tal besmettingen relatyf it heechst yn Dantumadiel. Foar elke 100.000 ynwenners binne dêr dizze wike 893 besmettingen fêststeld. Dêrnei komme Noardeast-Fryslân mei 776, Hearrenfean mei 766 en Weststellingwerf mei 752.
Op Skylge en Flylân binne respektyflik 44 en 9 besmettingen fêststeld. Omrekkene nei it lege tal ynwenners is dat relatyf in hiel soad.
De iennige Fryske gemeente dêr't al wikenlang gjin coronabesmetting fêststeld is, is Skiermûntseach. Op 12 septimber waard dêr foar it lêst in besmetting registrearre.
Twa stjergefallen, njoggentjin sikehûsopnamen
Yn de ôfrûne wike binne der twa Friezen ferstoarn oan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel.
Njoggentjin Friezen binne mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat giet om ynwenners fan Noardeast-Fryslân (4), Ljouwert (3), Dantumadiel (3), Súdwest-Fryslân (2), Hearrenfean (2), De Fryske Marren (2), Tytsjerksteradiel (1), Smellingerlân (1) en Achtkarspelen (1).
Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike ûnder ynwenners fan Fryslân (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Goed 63.000 kear corona fêststeld
Mei de 3.565 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal 63.550 it coronafirus fêststeld yn Fryslân.
It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân leit op 499. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.
Faksinaasjegraad 78 prosint
De faksinaasjegraad yn Fryslân leit ûnder it lanlik trochsneed. Fan alle Friezen fan tolve jier en âlder is 78 prosint folslein faksinearre. Lanlik is dat 82,4 prosint.
Yn Achtkarspelen en Dantumadiel is de faksinaasjegraad ûnder 12-plussers it leechst fan alle Fryske gemeenten: 72 prosint. Noardeast-Fryslân sit der krekt wat boppe: 75 prosint.
Sjoch op de kaart hoe't de faksinaasjegraad yn dyn gemeente is (docht de kaart it net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.
Tal besmettingen en stjergefallen de wike
WIKE | BESMETTINGEN | STJERGEFALLEN |
6 novimber - 11 novimber | 3.565 | 2 |
30 oktober - 5 novimber | 1.950 | 3 |
22 oktober - 29 oktober | 1.603 | 3 |
15 oktober - 21 oktober | 1.119 | 2 |
8 oktober - 14 oktober | 779 | 1 |
1 oktober - 7 oktober | 502 | 0 |
24 septimber - 30 septimber | 530 | 0 |
17 septimber - 23 septimber | 598 | 0 |
10 septimber - 16 septimber | 876 | 1 |
3 septimber - 9 septimber | 988 | 1 |
27 augustus - 2 septimber | 755 | 0 |
20 augustus - 26 augustus | 737 | 0 |
13 augustus - 19 augustus | 547 | 1 |
6 augustus - 12 augustus | 535 | 2 |
30 july - 5 augustus | 589 | 2 |
23 july - 29 july | 838 | 1 |
16 july - 22 july | 1.471 | 1 |
9 july - 15 july | 1.474 | 1 |
2 july - 8 july | 232 | 0 |
25 juny - 1 july | 69 | 1 |
18 juny - 24 juny | 89 | 0 |
11 juny - 17 juny | 136 | 1 |
4 juny - 10 juny | 267 | 1 |
28 maaie - 3 juny | 540 | 0 |
21 maaie - 27 maaie | 674 | 2 |
14 maaie - 20 maaie | 927 | 3 |
7 maaie - 13 maaie | 1.129 | 3 |
30 april - 6 maaie | 1.177 | 4 |
23 april - 29 april | 1.358 | 4 |
16 april - 22 april | 1.505 | 1 |
9 april - 15 april | 1.470 | 6 |
2 april - 8 april | 1.533 | 4 |
26 maart - 1 april | 1.651 | 7 |
19 maart - 25 maart | 1.666 | 10 |
12 maart - 18 maart | 1.611 | 10 |
5 maart - 11 maart | 1.180 | 16 |
26 febrewaris - 4 maart | 1.162 | 19 |
19 febrewaris - 25 febrewaris | 1.350 | 21 |
12 febrewaris - 18 febrewaris | 1.129 | 39 |
5 febrewaris - 11 febrewaris | 1.207 | 41 |
29 jannewaris - 4 febrewaris | 1.181 | 30 |
22 jannewaris - 28 jannewaris | 1.310 | 29 |
15 jannewaris - 21 jannewaris | 1.592 | 20 |
8 jannewaris - 14 jannewaris | 1.529 | 18 |
1 jannewaris - 7 jannewaris | 1.697 | 17 |
25 desimber - 31 desimber | 1.644 | 19 |
18 desimber - 24 desimber | 1.804 | 5 |
11 desimber - 17 desimber | 1.384 | 6 |
4 desimber - 10 desimber | 974 | 4 |
27 novimber - 3 desimber | 703 | 9 |
20 novimber - 26 novimber | 672 | 13 |
13 novimber - 19 novimber | 720 | 17 |
6 novimber - 12 novimber | 561 | 6 |
30 oktober - 5 novimber | 838 | 8 |
23 oktober - 29 oktober | 926 | 9 |
16 oktober - 22 oktober | 1.051 | 5 |
9 oktober - 15 oktober | 1.160 | 2 |
2 oktober - 8 oktober | 666 | 0 |
25 septimber - 1 oktober | 515 | 0 |