ROAZ-foarsitter foarsjocht swart senario as rappe groei coronagefallen oanhâldt

It is tige min nijs dat it tal besmettingen sa hurd tanimt. Dat seit sikehûsbestjoerder Ate van der Zee, dy't ek foarsitter is fan it ROAZ, it Regionaal Overleg Acute Zorgketen.
Ate van der Zee © UMCG
De ôfrûne 24 oeren is in rekôrtal fan 668 Friezen posityf test op it coronafirus, 221 mear as woansdei. Lanlik kamen der 16.364 nije besmettingsgefallen by, it heechste oantal sûnt de útbraak fan it coronafirus yn Nederlân.
"Als het in dit tempo doorgaat met het aantal besmettingen die stijgen en ook de opnames in het ziekenhuis, dan kom je uiteindelijk in een zwart scenario uit", seit Van der Zee. "Wanneer dat dan is, is heel moeilijk te zeggen, maar dan heb je het over weken."

Te min personiel

Neffens Van der Zee kinne de noardlike sikehuzen de pasjintestream no noch oan, mar hy hat der wol noed oer en dan benammen oer it oprinnen fan it tal opnames op de intensive care. "Als het op deze manier doorgaat, kunnen ze het op termijn natuurlijk niet meer aan."
Dat komt dan foaral troch in te krappe personiele besetting yn de sikehuzen, seit er. "Er zijn meer dan genoeg bedden en meer dan genoeg intensive care-bedden, alleen de mensen die we nodig hebben om daar de goede zorg te kunnen leveren, die hebben we beperkt."
Wat je veel liever ziet, is dat die crisisplannen niet op tafel hoeven te komen.
Ate van der Zee, foarsitter fan it Regionaal Overleg Acute Zorgketen
Troch de oprinnende besmettingssifers ha sikehuzen yn Noard-Nederlân it beslút naam om de reguliere soarch noch fierder ôf te skalen, om mear bêden frij te meitsjen foar coronapasjinten.

Krisisplannen

Yn oerlis mei alle sikehuzen, mei húsdokters en fersoargingshuzen wurket it ROAZ oan allegear senario's om sa goed mooglik op de krisis ynspringe te kinnen. "Maar wat je veel liever ziet, is dat die crisisplannen niet op tafel hoeven te komen."
De ferskillende senario's jilde foar it hiele lân, ek as der eventueel in 'code zwart' útroppen wurdt, leit Van der Zee út. "We hebben in Nederland met elkaar afgesproken dat we elkaar bijstaan. Dus is het in principe zo dat zo'n code zwart, dat doe je in Nederland en niet op één plek apart. Dat moet je echt goed met elkaar afspreken."
Ate van der Zee fan it ROAZ
Wolst op de hichte bliuwe fan it lêste nijs oer it coronafirus? Folgje dan ús liveblog. Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.