Reguliere soarch Noard-Nederlân fierder ôfskaald; dûbeld tal bêden covid-huzen

De sikehuzen yn Noard-Nederlân skale de reguliere soarch noch fierder ôf, dat hat it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland bekend makke. Dat is needsaaklik om mear bêden frij te meitsjen foar coronapasjinten. De tanimming fan it tal opnamen giet folle flugger as tocht.
© ANP
Neffens it AZNN wurdt de 'covid-kapasiteit' fersneld opskaald. Dan giet it likegoed om bêden op de intensive care as om de klinyske bêden.
Mei it opskalen kinne der ek bêden foar pasjinten út oare regio's oanbean wurde. Yn de ôfrûne dagen binne der al pasjinten oernaam út Limburch.

Bêden yn covid-huzen ferdûbele

De organisaasje hâldt tafersjoch op de ynstream en makket ôfspraken mei de sikehuzen. Fierder wurdt it oantal bêden yn de saneamde 'covid-huzen' ferdûbele foar âlderein mei corona. It Acute Zorgnetwerk docht mei klam in oprop om de coronaregels te folgjen en de faksinaasjes te heljen.