Liveblog | 11 novimber 2021

Coronanijs 11 novimber: Rekôrtal nije coronabesmettingen | Reguliere soarch fierder ôfskaald

We melde nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Bywurke: 12 novimber 2021, 15:05
tongersdei 11 novimber 2021
21:57

Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog fan tongersdei 11 novimber. Moarn is der wer in nij liveblog.
21:05

ROAZ-foarsitter foarsjocht swart senario

As de rappe groei fan it tal coronagefallen oanhâldt, foarsjocht Ate van der Zee, sikehûsbestjoerder en foarsitter fan it ROAZ, in swart senario.
"Als het in dit tempo doorgaat met het aantal besmettingen die stijgen en ook de opnames in het ziekenhuis, dan kom je uiteindelijk in een zwart scenario uit", seit Van der Zee fan it Regionaal Overleg Acute Zorgketen. "Wanneer dat dan is, is heel moeilijk te zeggen, maar dan heb je het over weken."
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Neffens Van der Zee kinne de noardlike sikehuzen de pasjintestream no noch oan, mar benammen oer de ICs hat hy noed. "Als het op deze manier doorgaat, kunnen ze het op termijn natuurlijk niet meer aan."
19:17

Yn sa'n 3 fan de 10 gefallen wurdt 'setting fan besmetting' fûn; foaral besmetting yn thússituaasjes

Yn in soad gefallen slagget it net om der efter te kommen hoe't immen it coronafirus krigen hat. De GGD kin yn likernôch 3 fan de 10 gefallen efterhelje wat de 'setting fan besmetting' wie.
Faaks giet it om de thússituaasje: alle wiken wurdt likernôch de helte fan de besmettingen thús oprûn. Sa'n 10 oant 20 persint fan de besmettingen ûntstiet troch in besite oan in oar hûshâlden.
18:50

Bûtenpost - Berkum giet net troch

De oplibbing fan it coronafirus hat ek konsekwinsjes foar de sport: sa is de haadklassewedstriid tusken Bûtenpost en Berkum fan 16 novimber skrast.
Bûtenpost wûn ôfrûne wykein noch fan ONS Snits © Orange Pictures
18:20

'Boosterprik foar jonge minsken moat der earder komme'

Jonge minsken mei in kwetsbere sûnens moatte foarrang krije by it útdielen fan de boosterprikken, fynt de Patiëntenfederatie Nederland. De organisaasje is benaud dat in soad minsken mei in beheining of groanyske oandwaning oars earst wachtsje moatte oant minsken ûnder de 60 foar de tredde kear in prik krigen ha.
Ek V&VN, de beropsferiening fan ferpleechkundigen en soarchmeiwurkers, wol dat it kabinet hurder yngrypt en net langer wachtet mei de boosterprik. Sy fine dat de prik dizze moanne al oanbean wurde moat oan soarchmeiwurkers.
17:44

Prik helje yn doarpshûs

De GGD Fryslân is op hieltyd mear plakken oanwêzich mei tydlike ynintingsplakken. Dat meldt RTV NOF. Minsken dy't noch net yninte binne, kinne dêr sûnder ôfspraak delkomme. Wol in identiteitsbewiis en in mûlekapke meinimme. It faksin dat se krije, is Pfizer en it is fergees.
© RTV NOF
Yn Noardeast-Fryslân komme twa nije tydlike prikpakken: yn doarpshûs De Mienskip yn Feanwâlden op 16, 22 en 30 novimber en yn De Nije Warf yn Wâlterswâld op 24 novimber.
17:17

Poppoadia en festivals ferbjustere oer OMT-advys

Direkteur Berend Schans fan de Vereniging Nederlandse Poppodia en Festivals fynt dat it OMT mei dit advys de ferkearden treft. Der wurdt nammentlik net sjoen nei wêr't de measte minsken besmet reitsje. Dat is benammen yn famyljerûnte en yn de hoareka, neffens Schans. Konserten en eveneminten wurde profesjoneel organisearre mei in strikte kontrôle fan coronatagongsbewizen.
Poppoadium Neushoorn yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
In oar gefolch fan in nije lockdown is dat de wearde fan in tagongskaart ôfnimt. Troch it hieltyd wer útstellen fan konserten is in ticket sa stadichoan in loaze belofte wurden. En minsken komme op it lêst net ek mear, seit Schans. Dat is min foar de artyst, omdat dy it oer it algemien it jild fan de kaartferkeap kriget.
16:38

It wurdt spannend foar eveneminten: wol of net trochgean?

Op it Aldehouster Tsjerkhôf yn Ljouwert wurdt op dit stuit alles klearmakke foar trije eveneminten: freedtejûn is dêr in optreden fan Queen Mania, sneontejûn it festival Hemels en takom wykein in Oktoberfest. Organisator Bobby Veenstra hat der noed oer oft syn eveneminten wol trochgean kinne.
Bobby Veenstra is benaud foar syn eveneminten:
16:31

Wachtsje op oprop foar faksinaasje hoecht net

Ien op de seis minsken dy't noch gjin coronaspuitsje krigen hawwe, wachtet noch op in útnûging foar in faksinaasje. Of se tinke dat de yninting fan it eigen risiko fan de soarchfersekering ôf giet. Dat docht bliken út ûndersyk fan Lifelines, it grutte ûndersyksprogramma nei de sûnens fan minsken yn Noard-Nederlân.
De minsken dy't wachtsje op in oprop, sizze dat se de prip wol hawwe wolle. Sûnt juny kinst sûnder oprop in prip krije en dat witte dy minsken blykber net. In groep minsken tinkt ek dat se it sels betelje moatte, mar it faksin is fergees.
Hast de helte fan de net faksinearren tinkt dat it faksin skealik is foar de sûnens, docht ek bliken út it ûndersyk.
16:11

Psychyske klachten en drugsgebrûk by studinten troch corona

Studinten hawwe it dreech mei de corona. Se hawwe folle mear lêst fan psychyske klachten en nimme ek mear ferdôvjende middels. Dat stiet yn de Monitor Mentale gezondheid en Middelengebruik van Studenten. It is sels sa slim dat ien op de fjouwer yn in periode fan fjouwer wiken it libben wolris net mear sitten seach.
Trije op de fjouwer fielt him iensum. De measten (80 prosint) jouwe oan dat dat komt troch de coronakrisis. Fierders hat goed de helte fan de ûnderfrege studinten lêst fan psychyske problemen of mentale útputting. Ien op de fjouwer is in oermjittige of in swiere drinker. Hast allegearre sitte se yn de stress. It rapportsifer dat de studinten oan harren libben jouwe is yn trochsneed in 6.
15:28

Rekôrtal nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 668 nije coronabesmettingen registrearre. meldt it RIVM. Dat binne 221 mear as woansdei. Oant no ta wie it heechste tal besmettingen dat op ien dei registrearre wie, 538, ôfrûne sneon.
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 509 besmettingen meld yn Fryslân. Woansdei lei dat trochsneed op 460, in wike lyn op 279.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne wol fjouwer Fryske pasjinten mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân, Hearrenfean, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen.
15:20

Smoardrok by telefoantsjinst testôfspraken GGD

By de telefoans fan it lanlike belsintrum fan de GGD's is it opnij smoardrok. Minsken moatte dêrhinne belje foar it meitsjen fan in ôfspraak foar in coronatest. Tongersdei rattele de telefoans dêr, lykas de foargeande dagen, achterinoar troch. Omdat it sa drok is, moatte minsken fierder reizgje foar in coronatest.
De testlokaasje fan de GGD yn Ljouwert © Omrop Fryslân
14:58

Nije bywurking Janssenfaksin

Fan it coronafaksin Janssen fan Johnson & Johnson is in nije bywurking bekend wurden. It 'Europeesk buro foar genêsmiddelen' (EMA) yn Amsterdam wol dat de gefaarlike oandwaning op de bysluter komt te stean.
It giet om in seldsume soart ûntstekking fan it moarchpiid (ruggenmerg) mei de namme 'myelitis transversa'. Minsken dy't dat hawwe, kinne net mear goed bewege, it gefoel kwyt reitsje en dreech urine of ûntlêsting ophâlde. Der is in reedlike kâns wer better te wurden.
Earder waard ek al de ûntwikkeling fan it AstraZenecafaksin stillein, omdat proefpersoanen in ûntstekking fan it moarchpiid krigen.
14:48

Noch gjin beslút oer coronamaatregels

It demisjonêre kabinet hat noch gjin knopen trochhakt oer de coronamaatregels. It oerlis op it Catshûs giet tongersdeitejûn fierder.
De measte belutsenen hawwe op it Catshûs oeren oerlein mei harren fêste adviseurs. De situaasje is sa yngewikkeld dat neier beried nedich, sizze minsken dy't der doel oer hawwe.
14:17

KNVB hopet dat stadions iepen bliuwe foar publyk

It keninklik Nederlânsk fuotbalbûn KNVB hopet dat de stadions iepen bliuwe foar publyk, no it OMT it kabinet in koarte lockdown advisearret. As de stadions ek tichtgean, sykje minsken inoar op om fuotbal te sjen. Dat is sûnder coronakontrôle dy't der wol is by in fuotbalstadion. Boppedat sitte minsken yn in stadion bûtendoar en net yn in ôfsletten binnenromte.
Gemeenten om contrôlehelp frege
De KNVB freget gemeentes om amateurklups te helpen by de kontrôle fan coronatagongsbewizen. De ferieningen moatte sûnt ôfrûne sneon elkenien kontrolearje dy't op it kompleks nei binnen wol, bygelyks nei de klaaikeamers.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
14:13

Reguliere soarch Noard-Nederlân fierder ôfskaald

De sikehuzen yn Noard-Nederlân skale de reguliere soarch noch fierder ôf, dat hat it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland bekend makke. Dat is needsaaklik om mear bêden frij te meitsjen foar coronapasjinten. De tanimming fan it tal opnamen giet folle flugger as tocht.
© ANP
It giet likegoed om bêden op de intensive care as om de klinyske bêden. Mei it opskalen kinne der ek bêden foar pasjinten út oare regio's oanbean wurde. Yn de ôfrûne dagen binne der al pasjinten oernaam út Limburch.
Fierder wurdt it oantal bêden yn de saneamde 'covid-huzen' ferdûbele foar âlderein mei corona.
13:02

Fryslân op heechste nivo coronabesmettingskaart

Fryslân is tongersdei mei fjouwer oare provinsjes nei donkerread gien op de Europeeske oersjochskaart fan covid-19-besmettingen. Mei-inoar stean no tsien provinsjes op de alderheechste besmettingsgraad. Allinnich Grinslân en Drinte stean in trepke geunstiger, op read.
Noch nea earder hawwe safolle provinsjes donkerread west op de kaart fan it European Centre for Disease Prevention and Control (ECDC). De measte coronabesmettingen binne yn Midden- , East- en Súdeast-Europa.
It ECDC sjocht nei it tal en it persintaazje positive tests yn de ôfrûne twa kalinderwiken.
© ECDC
12:09

"Dit hakt der bot yn by hoareka-ûndernimmers"

Hoareka-ûndernimmers binne yn panyk en ek fertrietlik oer it nijs dat der mooglik wer in nije lockdown komt, seit foarsitter Melle Bakker fan de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeka Nederlân. It binne altyd deselde brânsjes dêr't de klappen falle. De sport mei wol mei 30.000 minsken yn in stadion. Wat is it ferskil mei bygelyks in skouboarch? Yn beide gefallen is der kontrôle mei de QR-koade oan de doar.
Foarsitter Melle Bakker fan de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland (KHN) © Omrop Fryslân
Neffens Bakker wiene der de ôfrûne wiken gjin eksessen yn de hoareka. Yn gruttere plakken lykas Ljouwert it is goed regele mei polsbantsjes. "Dit hakt der hiel bot yn by de ûndernimmers. As it trochgiet, moat der finansjele kompensaasje komme fan it Ryk. Want alle reserves binne leech", seit Bakker.
Foarsitter Melle Bakker fan de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland
12:08

Direkteur Theater Sneek: 'Kultuer liket op 'e nij it slachtoffer te wurden'

It Outbreak Management Team soe it kabinet in lockdown advisearre hawwe fan sa'n twa wiken. Yn dy perioade soene ek teäters en eveneminten skrast wurde moatte. Direkteur Wiebren Buma fan Theater Sneek ferwachtet dat it kabinet de advizen oernimt, mar hy is der net bliid mei. "We moeten er wel weer mee dealen. Maar ik heb er wel een steeds grotere moeite mee."
Direkteur Wiebren Buma fan Theater Sneek (ek bestjoerslid fan de Vereniging van Schouwburg- en Concertgebouwdirecties) © Omrop Fryslân
Buma is ek bestjoerslid yn de Vereniging van Schouwburg- en Concertgebouwdirecties. Yn dy feriening is it al bepraat. "Ik word er heel verdrietig van. Wij hebben als brancheverenigingen in de culturele sector het signaal richting het kabinet afgegeven dat we gelijk willen optrekken met bijvoorbeeld grote sportevenementen."
Buma tinkt dat it gjin seadden oan 'e dyk smyt. "De afgelopen tijd zijn er geen incidenten geweest binnen georganiseerde culturele instellingen waar nieuwe uitbraken van corona zijn geregistreerd. Dus wat men hiermee wil voorkomen, dat is mij niet duidelijk."

'Kultuer wer it bokje'

Neffens Buma is de kulturele sektor yn de praktyk faak it bokje, as je it bygelyks ferlykje mei de sport. "Als ik kijk wat er wekelijks op de voetbalvelden gebeurt en dat vergelijk met hoe wij hier in de cultuursector met elkaar omgaan, dan heb ik daar wel wat vraagtekens bij."
Buma gunt eltsenien syn wille, ek de minsken dy't yn de sport aktyf binne, sa jout hy oan. "Maar ik heb wel steeds het gevoel dat de horeca en de culturele sector als eerste genoemd worden en als laatste weer open mogen. Ik vrees heel erg dat dit gewoon weer gebeurt."
Direkteur Wiebren Buma fan Theater Sneek
De teäterdirekteur fertelt dat it krekt wer de goede kant op gie. It publyk wit it teäter wer te finen en der binne in soad foarstellingen. Mar dy foarstellingen steane ynienen wer faai. "Volgend weekend hebben we dansdagen met honderden kinderen die zich daar op hebben voorbereid. Zij hebben anderhalf jaar lang niets kunnen laten zien. Als daar dan weer een streep door gaat, dat zou ik heel verdrietig vinden."
Theater Sneek © Omrop Fryslân, Sian Wierda
11:45

'Nije lockdown funest foar teäters'

Teäterprodusinten gean finansjeel kopke ûnder as de teäters opnij ticht moatte soene. Dat seit direkteur Dian Hoelscher fan de Vereniging Vrije Theater Producenten (VVTP) nei oanlieding fan it útlekte OMT-advys. De maatregels treffe hieltyd wer deselde groep ûndernimmers. It is oantoanber feilich om nei it teäter te gean. De kontrôle mei in coronatagongsbewiis bart krekt yn de teäters op grutte skaal en soarchfâldich.
As it kabinet it advys oernimt, moat der kompensaasje komme foar de troffen ûndernimmers, fynt Hoelscher.
10:22

Open Nederland wol noch net op advys foarútrinne

Stichting Open Nederland (de organisaasje efter 'Testen voor Toegang') wol noch net foarútrinne op it advys fan it Outbreak Management Team oan it kabinet. It OMT advisearret om de '2G-regel' yn te fieren, wat betsjutte soe dat minsken allinne noch in coronatagongsbewiis krije kinne as sy faksinearre binne oft koartlyn opknapt binne fan it coronafirus. En dus net mear by in negative test.
Dat soe ynhâlde dat net-faksinearre minsken net mear mei in negative test yn bygelyks in restaurant of museum komme kinne. Freed wurdt der mear dúdlikens ferwachte yn in parsekonferinsje fan it kabinet.
09:40

'Twa wiken lockdown'

'Der moat in koarte lockdown komme fan twa wiken.' Dat is neffens de NOS it advys fan it OMT oan it kabinet. De NOS hat dat oppikt fan boarnen om it Outbreak Management Team hinne.
Yn dy twa wiken soene evenementen net trochgean en teäters en bioskopen ticht moatte. Fierders soene de slutingstiden fan de hoareka en de grutte fan de groepen ek oanpast wurde. It festival Explore the North yn Ljouwert fan 19 oant en mei 21 novimber falt yn de perioade dêr't mooglik sprake is fan in lockdown.
'Gjin OR-koade mear nei negative test'
Nei de koarte lockdown soene minsken gjin QR-koade mear krije kinne as se test binne. No kinne minsken noch bygelyks in kafee yn as se twa kear faksinearre binne, as se covid hân hawwe of as se negatyf test binne. Dat lêste soe neffens boarnen om it OMT hinne skrast wurde.
It kabinet moat noch in beslút nimme oer de nijste oanpak fan de bestriding fan it coronafirus. Freedtejûn is der wer in parsekonferinsje.
08:02

Kontrôle op de QR-koade by MFC It Harspit yn Toppenhuzen

Offisjeel ha doarpshuzen, foar in part alteast, in útsûndering op it gebiet fan de coronapas. Foar guon aktiviteiten is in check op in QR-koade dêr dan net ferplichte. Mar wat dogge je as der ûnder itselde dak ek in shantykoar, in kaartklup, in follybalferiening en in fysioterapeut sit? Hoe hâlde je dan noch oersjoch op wa wol en wa net kontrolearre wurde moat?
Mei dy fraach stie ferslachjouwer Arjen Bosselaar woansdeitejûn foar de doar fan MFC It Harspit yn Toppenhuzen:
Hoe giet it mei de CoronaCheckapp yn doarpshuzen?
Behearder Anne Visser fertelt dat it MFC de QR-koade-kontrôle 'yn goed betrouwen' by de klups sels dellein hat. "Wy hawwe yn dit doarpshûs te krijen mei in soad dissiplinen. Sport, in fystioterapeut, in biljerferiening, in sjongferiening. Dêrom hawwe wy alle ferieningen oanskreaun mei de fraach oft sy by harren sels allegearre in coronacheck dwaan wolle."
MFC It Harspit yn Toppenhuzen © Omrop Fryslân
Neffens Visser giet dat goed. "Ik haw de yndruk dat de klups der o sa serieus mei omgean. It libbet wol by de minksen. Wy hawwe it betrouwen yn de bestjoeren dy't de check útfiere." Mocht der in konflikt ûntstean trochdat in persoan net nei binnen mei, dan wol it bestjoer fan it MC him ynsette om te bemiddeljen.
It bliuwt sa dat de feroarjende maatregels it MFC hieltyd wer foar nije útdagingen stelt. "Wy wrakselje al lang mei it probleem, wy moatte hieltyd wer skeakelje."
08:01

Keamerfragen Aukje de Vries oer 'boosterprik'

VVD, D66 en PvdA hawwe om in advys fan de Gezondheidsraad frege oer it belang fan in 'boosterprik' foar minsken dy't earder in prik mei AstraZeneca of Janssen hân hawwe. Twadde Keamerlid Aukje de Vries (VVD) fan Ljouwert hat mei Jan Paternotte (D66) en Attje Kuiken (PvdA) wiisd op ferskate ûndersiken dy't sizze dat dizze faksins rapper harren beskermende wurking ferlieze.
Aukje de Vries (VVD) © ANP
De trije partijen wolle witte oft de minsken dy't earder AstraZeneca of Janssen krigen, no foarrang hawwe moatte foar in boosterprik. Dêroer hawwe sy Keamerfragen steld oan demisjonêr minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens.
woansdei 10 novimber 2021
08:00

Wolkom

Wolkom by dit liveblog fan tongersdei 11 novimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân.