Hillichferklearring Titus Brandsma wer stap tichterby

De hillichferklearring fan Titus Brandsma is wer in stap tichterby. Kardinalen en biskoppen, dy't lid binne fan de 'Congregatie voor de Heiligverklaringen', ha tiisdei yn har gearkomste in posityf beslút nommen oer dy hillichferklearring.
Titus Brandsma (1881-1942) © Omrop Fryslân
De prefekt fan de kongregaasje, kardinaal Marcello Semeraro, sil de konklúzjes foarlizze oan de Paus. As dy it dermei iens is, ropt er de konsistoarje by elkoar om de hillichferklearring oan te kundigjen.
De Nederlandse Provincie van de Karmelieten hopet dat dat gau wêze sil.
Earder dit jier like de hillichferklearring der ek al oan te kommen. It wûnder fan de genêzing fan in Amerikaanske pryster wie doe offisjeel troch it Fatikaan taskreaun oan pater Titus. Sa'n wûnder is in wichtige lêste stap by in hillichferklearring.
Titus Brandsma waard yn 1985 troch paus Johannes Paulus II sillich ferklearre.

Kroan op it wurk

"We binne der fansels bliid mei. We tochten dat it pas yn febrewaris takom jier wêze soe. Se ha de gong derynset yn Rome", seit Siebe de Ree, foarsitter fan it Titus Brandsma-museum yn Boalsert.
It museum sit no yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert. "We sitte wol yn it gebou, mar it museum is noch net klear. Dat komt begjin takom jier, we binne no dwaande om dat yn te foljen."
De hillichferklearring soe in kroan op it wurk wêze kinne. "En it kin in soad minken nei it museum lûke."
Siebe de Ree
Titus Brandsma waard yn 1881 as Anno Sjoerd Brandsma berne yn Oegekleaster, in buorskip by Boalsert. Hy kaam út in katolike boerefamylje, mar waard sels net boer. As jonkje wie syn sûnens net altyd goed. Op syn alfde ferliet Brandsma de provinsje om nei it gymnasium yn Megen (Noard-Brabân) te gean. Hy waard karmelyt, heechlearaar en publisist. As tige belutsen pryster sette hy him yn foar de emansipaasje fan de katolike tsjerke.
Brandsma kaam iepenlik yn ferset tsjin it nazisme. Begjin 1942 waard hy oppakt troch de Dútsers en swier mishannele. In healjier letter kaam er om it libben yn konsintraasjekamp Dachau.