Mear as 110 besmettingen by KwadrantGroep: "Echt heel zorgelijk"

It coronafirus grypt ek yn fersoargingshuzen bot om him hinne. By de KwadrantGroep wurde op it stuit 114 besmettingen meld: 69 meiwurkers en 45 kliïnten. Dat meldt Jan Maarten Nuijens, foarsitter fan de Rie fan Bestjoer.
Talma Hûs yn Feanwâlden © Elkander
Ferspraat oer fjouwer wensoarchlokaasjes binne 20 kliïnten besmet mei it coronafirus en yn de thússoarch en húshâldlike help nochris 25 minsken. It giet om de Skûle yn Mitselwier, Dongeraheem yn Dokkum, Talma Hûs yn Feanwâlden en lokaasje Parkhoven yn Ljouwert. Dêrneist hawwe dus 69 personielsleden it firus oprûn.
Jan Maarten Nuijens fan de KwadrantGroep
Jan Maarten Nuijens tinkt dat der noch mear besmettingen komme sille. "We denken dat die besmettingen alleen maar zullen toenemen, ook gezien het landelijke beloop en het aantal besmettingen in Fryslân."
De gefolgen fan de corona-útbraak binne oars as foarhinne: "Wat we zien is dat de zeer kwetsbare mensen in onze verpleeghuizen die een coronabesmetting krijgen minder ernstig ziek worden dan tijdens de eerste coronagolf." Neffens Nuijens komt dit nei alle gedachten trochdat minsken faksinearre binne.
Dat betsjut lykwols net dat der neat oan de hân is: "Wat we vaak zien bij deze groep is dat ze minder behoefte hebben om te eten en te drinken en als gevolg daarvan neemt de algemene lichamelijke toestand af en dat kan aanleiding zijn dat het stervensproces eerder intreedt", seit Nuijens.

"De aandacht verslapt"

Nuijens uteret syn grutte soargen oer de hjoeddeistige sifers. "Dit is zeker zorgelijk, de aandacht voor corona in de samenleving verslapt, ook draagvlak in de samenleving wat betreft vaccinatie is aan het afnemen."
"Daar komt bij dat de effectiviteit van het vaccin lijkt af te lopen, dat maakt eigenlijk dat het heel zorgelijk is. Het is niet voor niets dat de overheid besloten heeft om in december een boostercampagne op te starten om te zorgen dat we de effectiviteit van vaccins overeind houden", giet hy fierder.

Kontinuïteit ûnder druk

Neffens Nuijens soarget it coronafirus derfoar dat de soarch net garandearre is: "Naast die 60 medewerkers die ziek zijn, hebben we ook last van mensen die eerder door corona geveld zijn en nog niet hersteld zijn. We hebben een oplopend ziekteverzuim en dat maakt dat de continuïteit binnen de zorg onder druk staat."
De huzen bliuwe wol iepen. "We verzoeken de familie wel om met één bezoeker per cliënt per dag langs te komen. We perkende contacten in, maar we sluiten de locaties niet."
Der binne ek in pear oare maatregels fan krêft: "Bezoek moet weer mondkapjes op. In geval van besmettingen, worden afdelingen waar cliënten met dementie worden verpleegd cohort geplaatst. Daardoor kan die groep mensen in quarantaine blijven en besmetten zij geen andere bewoners."