'Mister Hearrenfean' Maarten de Jong: "Ze juichen als eilandjes"

Nei trije ferliespartijen pakte sc Hearrenfean ien punt tsjin promovendus NEC. Maarten de Jong is kritysk op de ploech en op trainer Johnny Jansen. "Er zit geen teamspirit in. Ze maken de 1-1, maar juichen als eilandjes. Dat is veelzeggend", sa seit 'Mister Hearrenfean'.
Maarten de Jong: "Ik mis voetbalgogme bij Heerenveen. Dan zit ik ernaar te kijken en dan geeft Henk Veerman druk, maar de rest staat op de middenlijn. Dat klopt dus niet! Je maakt afspraken, als je dat niet kunt opbrengen, dan moet je met elkaar gaan zitten en zeggen: hoe gaan we het anders doen?"
As je foar de winterstop noch trije kear winne, dan kinst 'free-wheelend' de twadde kompetysjehelte troch.
Geert van Tuinen oer de prestaasjes fan Cambuur
Cambuur stiet nei 12 wedstriden op it achtste plak. De Ljouwerters hawwe al 18 punten. Noch nea earder hie Cambuur sa'n goeie start fan de kompetysje yn de earedivyzje. Dochs seit Henk de Jong dat hy foar de winterstop noch trije wedstriden winne wol.

"34 punten genôch"

Geert van Tuinen: "Henk de Jong tinkt dat 34 punten genôch is om deryn te bliuwen. As dat slagget dan kinst lekker 'free-wheelend' de twadde kompetysjehelte troch."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.