Trochsneed Fryske húshâlding hat gjin kâns op huzemerk: prizen wiene nea sa heech

In trochsneed Fryske húshâlding kin gjin gemiddeld hûs mear keapje yn Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân. It is sa slim mei de hege huzeprizen dat Friezen en hielendal starters hast gjin kâns hawwe op de wenningmerk. Omrop Fryslân hat hjir de kommende perioade omtinken foar. Dizze moandei diel 1.
Sa sjocht de Fryske huzemerk der op dit stuit út:
De huzeprizen hawwe noch nea sa heech west. Op dit stuit is de trochsneed priis foar in hûs yn Fryslân 277.000 euro. Allinnich fertsjinje net alle Friezen safolle om dit betelje te kinnen.
In Fryske húshâlding kin op basis fan ynkommen trochinoar net mear as op syn heechst 178.500 euro liene. In trochsneed hûs is folle djoerder yn oanskaf. "Ik haw earder noch net soks meimakke", seit hypoteekadviseur Wendy Wijma.
It gefolch is dat de wenningmerk op slot komt te sitten. "Minsken dy't noch gjin startkapitaal opboud hawwe, hawwe it dreech", seit Wijma. "Der wurdt op dit stuit safolle oerbean, wat net yn de wearde fan de wenning sit. Dan moatte jo it jild wol hawwe."

Twongen by âlden wenjen bliuwe

It gefolch is dat Wijma geregeld drege situaasjes sjocht. "Jongelju dy't der graach út wolle en no twongen by âlden te wenjen bliuwe of âlderein dy't it leafst lytser wenje wol mei minder ûnderhâld, wylst der neat is."
© ANP
Wijma sjocht dat minsken sels oplossingen betinke om dochs in hûs keapje te kinnen. "Wat sy dwaan moatte, is sjen dat se fermogen krije. De ien hellet it by de âlden wei en de oar sparret sels. Ik haw klanten dêr't de âlden de hypoteek fan ferheegje, sadat sy de bern jild jaan kinne. Dan sizze se: as myn bern lokkich is, binne wy dat ek. Mar hoefolle âlden kinne dat? Dat kin lang net eltsenien."

Net eltsenien hat âlden mei jild

It hat ta gefolch dat, seit Wijma, de kleau tusken earm en ryk op de huzemerk hieltyd grutter wurdt en dat soe net sa moatte. "Ik fyn dat eltsenien kâns hawwe moat op in betelbere wenning."
Omrop Fryslân hat de kommende wiken mear omtinken foar de Fryske huzemerk. Op snein 14 novimber folget diel 2 yn Buro de Vries: de wenningkrapte yn Sleat. Watfoar kânsen hawwe de jongelju dy't opgroeid binne yn de stêd en dy't hjir graach in takomst hawwe wolle?