Wrakseling mei QR-koade: "Alden driigje bern fan swimles te heljen"

As âlden in QR-koade sjen litte moatte by it swimbad, binne der ferskate bern dy't tydlik fan swimles helle wurde. Dat hat it swimbad yn Sint-Nyk murken. De swimskoalle wrakselet mei it coronatagongsbewiis, dêr't it noch ûndúdlik fan is oft it no wol of net sjen litten wurde moat.
Swimynstrukteur Bauke Beert Keizer © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Swimynstrukteur Bauke Beert Keizer fan MijnZwemschool yn Sint-Nyk hat mei fernuvering nei de berjochtjouwing fan it kabinet sjoen. "De berjochten binne tsjinstridich. Freedtejûn haw ik op de webside fan de Ryksoerheid sjoen dat âlden en fersoargers in QR-koade sjen litte moatte by swimbaden. Dêr haw ik in screenshot fan makke. Mar dy sin is der no wer ôf helle."
De rjochtlinen op rijksoverheid.nl binne feroare © Rijksoverheid.nl
Yn oerlis mei gemeente De Fryske Marren is der foarearst besletten om net nei de QR-koade te freegjen, mar wol om de mûlkapkes wer yn te fieren. "Us behearder hat in goed kontakt mei de gemeente", seit Keizer. "As it goed is, is der moandei mear dúdlikens."
Swimbad MijnZwemschool yn Sint-Nyk © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Yn it bad komme swimmers fan alle leeftiden, mar it giet benammen om de âlden fan de swimlesbern. "Wy krije reaksjes fan âlden sûnder faksinaasje dy't oanjouwe op te hâlden mei de swimles as sy in QR-koade sjen litte moatte. Dêrtroch kinne der efterstannen ûntstean, dat wolle wy net. Dat is in soarchlike situaasje."
As bern gjin swimmen leare, dan barre der ûngelokken. Dit kin net de bedoeling wêze.
Bauke Beert Keizer fan MijnZwemschool yn Sint-Nyk
Nei alle gedachten soene bern tydlik ophâlde en dat fynt Keizer as swimynstrukteur net winsklik. "It moat net sa wêze dat bern tydlik ophâlde mei swimles. Dat is in basisfeardichheid yn in wetterryk lân as Nederlân. As bern gjin swimmen leare, dan barre der ûngelokken. Dit kin net de bedoeling wêze."

Gjin personiel en jild foar

Dêrnjonken soe in QR-kontrôle ekstra wurk betsjutte. "Wy hawwe as lyts swimbad net in kassa of kontrôlepost. Boppedat is der personiel tekoart yn it swimûnderwiis en hawwe wy de finansjele middels net om der ien spesjaal del te setten. Dus it is mar de fraach oft je soks rûn krije. Ik bin keal, mar ik sit figuerlik wol mei de hannen yn it hier."
Bauke Beert Keizer fan MijnZwemschool yn Sint-Nyk
Net allinne it swimmen, mar ek oare sporten wrakselje mei it coronatagongsbewiis. Bygelyks kuorbalferiening Mid-Fryslân fan Akkrum, Grou, Reduzum en Warten. De feriening hâldt sneon de Mid-Fryslân Dei, de start fan de sealkompetysje.
© ANP
"Wy wolle de hiele feriening byinoar hawwe. Moarns sette wy útein mei de lytsten, jûns de âldsten út de seleksje. Der binne clinics mei aktiviteiten foar de jongerein en yn de middei wurde der wedstriden spylje", fertelt foarsitter Hans Smorenburg fan K.V. Mid-Fryslân.
De kuorbalferiening doart noch net nei de kommende tiid te sjen, mar hat foar de Mid-Fryslân Dei wol de kar makke om de QR-koaden te kontrolearjen.
Foarsitter Hans Smorenburg fan K.V. Mid-Fryslân
Smorenburg: "Foar ús it it kontrolearjen fan minsken dy't binnen komme wol in put, je moatte in blik frijwilligers iepen lûke om it dwaan te kinnen. De minsken moatte it ek wolle. Dêrom hawwe wy earst sein: wy konsintrearje ús earst op dizze sneon, dy is foar ús wichtich."

Fraachteken

Foar sneon wiene der leden beskikber dy't wol in dei opofferje woene. "Nije wike moatte wy mar sjen hoe't wy dat de rêst fan it seizoen wolle. De trainingen binne wol in opjefte. Ik freegje my ôf oft wy wol op de goede wei binne", sa seit de foarsitter.