Friso Douwstra oer Thialf: "Keamerleden witte dat it regear oan set is"

Thialf hat jild nedich, deputearre Friso Douwstra fynt dat der tasizzingen út Den Haag wei komme moatte. Douwstra folge yn oktober Sander de Rouwe op as deputearre en nimt dêrmei ek it dossier Thialf oer.
© Omrop Fryslân
En dat dossier is net samar ien. It iisstadion kin al jierren net út en jild út it Den Haag wei lit lang op him wachtsje. Friso Douwstra is yntusken fiif wiken ferantwurdlik foar it dossier: "In hiele moaie job, in útdaging. Foar soks moais as Thialf haw ik in soad oer", seit er.

Stipe fan it Ryk

Om Thialf oerein te hâlden, moat de provinsje nochris 542.000 euro dellizze. It sportkompleks hat dan ek gau stipe fan it Ryk nedich. Neffens Douwstra is it noch net wis oft dy stipe der komt, mar hy set him derfoar yn en hat goeie hoop. "As je earne sûnder hoop en moed yn geane, dan wurdt it neat."
Thialf hat stipe fan it Ryk nedich, seit Douwstra:
Hy tinkt dat Den Haag de need ek wol sjocht. "Ik ha wol it gefoel dat de wil der is. Foaral as se sizze dat se sjogge dat de provinsje, de gemeenten, it bûn en de NOC*NSF harren bêst echt dien hawwe." Mar it ûntbrekt noch oan ien ding: "De útspraak dat se it opnimme yn de begrutting fan it regear, fan VWS. En dêr sille se op 2 desimber oer prate."
Yn 2013 waard sein dat Thialf mooglik rekkenje koe op 20 miljoen. "Dêr is noch gjin sint fan kaam, dat fyn ik hiel spitich", seit Douwstra. "As it in kear mei de fûst op tafel moat, dan sil ik dat dwaan. Mar de Keamerleden binne har der bewust fan dat it regear oan set is."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Friso Douwstra.
Douwstra sil besykjen bliuwe om dy 20 miljoen der foar Thialf te krijen, seit er. "Oan de oare kant moatte je ek realistysk bliuwe, en sizze fan: eat wat doe tasein is en hast tsien jier nea passearre is, dêr moatte je net yn hingjen bliuwe. We moatte sjen hoe't we it no foar inoar krije."

Tefolle emoasje

De Noardlike Rekkenkeamer brocht yn oktober in rapport út, wêryn't ûnder oare sein waard dat de provinsje wat Thialf oanbelanget tefolle mei emoasje hannele hat. Douwstra sjocht ek ferbetterpunten, mar fynt dochs dat de provinsje dien hat wat nedich wie: "Se ha yn elts gefal har ferantwurdlikens naam."
Douwstra wol foaral nei de takomst fan Thialf sjen:
De doetiidske oandielhâlder woe Thialf slute, seit Douwstra. "Doe seinen de hiele Steaten mei in moasje 'doch it net', en dêr hat hast elkenien foar stimd. De gemeente woe helpe, mar koe dat net. De provinsje koe dat wol. Dus as je sjogge nei Thialf, ha we it juste dien."
Douwstra fynt de fraach oft de provinsje Thialf wol of net oereinhâlde moatten hie net mear sa wichtich. "Wy ha no in situaasje dat we deryn sitte. Dus dy fraach is wetter ûnder de brêge, dat hat west. We moatte no sjen hoe't we soks moais foar de breedte en de topsport foar Fryslân behâlde kinne."

Kristendemokratyske wearden

As deputearre stiet er noch hieltyd fûl efter de partij dêr't er lid fan is. "Ik bin lid fan it CDA, mei folle oertsjûging. As ik sjoch nei wat der yn it lân bart, mei polarisaasje en sizze wat net goed is, dan ha we dy kristendemokratyske wearden as neisteleafde, dielde ferantwurdlikheid en rjochtfeardigens yn ús lân bot nedich."
Friso Douwstra oer syn partij, it CDA:
De partij ferlear by de Twadde Keamerferkiezings yn maart fjouwer sitten. In ferwyt wie dat it CDA him as partij te bot as in lichtere VVD presintearre. "Op ynhâld fyn ik dat we dat yn de kampanje fiersten te bot dien hawwe, absolút."
Dochs is Douwstra der wis fan dat der yn Nederlân in plak is foar syn partij. "Dit lân hat stabiliteit nedich yn it brede midden en foaral mei kristendemokratyske wearden."
© Omrop Fryslân