SC Makkingea mist net-faksinearre frijwilligers by iepening nije kantine

Mei yngong fan sneon jilde op ferskate plakken strangere coronamaatregels. Ien fan de plakken dêr't no kontrolearre wurde moat op de QR-koade is de sportkantine. SC Makkingea iepene freed har nije ûnderkommen. Dêrby waard tasjoen op de QR-koade.
It ropt wol fragen op, dizze nije maatregel:
Dy nije kantine fan de fuotbalklup makket ûnderdiel út fan it multyfunksjoneel sintrum Grietenijhûs Makkinga, dat sûnt 2015 opknapt wurdt. De iepening fan de nije kantine wie de lêste stap fan de ferbou.

QR-koade

It demisjonêre kabinet woe dat minsken by bûtensporten op it hiele terrein in coronatagongsbewiis sjen litte moasten. Dy plannen binne foar in part werom draaid: no jildt allinnich dat de de QR-koade toand wurde foar binnenlokaasjes, lykas de kantine of klaaikeamers.
Frijwilligers yn de nije kantine fan Makkingea © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Yn Makkingea gie dat oer it algemien goed: in frijwilliger by de yngong fan it doarpshûs kontrolearre op it griene skerm by de yngong. Mar guon frijwilligers, dy't ek meiholpen ha om de kantine op te knappen, binne freedtejûn thús bleaun. "Sy binne net faksinearre en koenen net komme", seit foarsitter Jan de Groot. "Dat is spitich."

Te min frijwilligers

Mar hoewol't de kontrôle freedtejûn goed ferrûn, ropt de nije maatregel ek fragen op. Op in sneontemoarn ha de frijwilligers it ek drok mei tee skinke, de kofje yn de kantine, it materiaal en alle bern.
It kontrolearjen op de QR-koade komt dêr no noch by. Troch it tekoart oan frijwilligers binne der gewoanwei te min minsken om QR-koaden te scannen.
Dêr moatte je kûlant mei omgean.
Foarsitter Jan de Groot oer it kontrolearjen by minsken dy't nei it húske moatte
En al binne dy der wol, dan kin it sa wêze dat in frijwilliger tsjin in befreone lid sizze moat: 'Komst der net yn'. Sels as ien nei it húske ta moat. Foarsitter De Groot fynt dat wol fier gean. "Somtiden moatte je gewoan nei it húske. Dan fyn ik it wol hiel dreech om tsjin minsken te sizzen dat se yn it fjild sitte moatte, bygelyks. Dêr moatte je kûlant mei omgean."

QR-koade en mûlkapke op mear plakken

It coronatagongsbewiis moat fan sneon ôf ek toand wurde op bûtenterrassen, yn sportskoallen, swimbaden en trochstreamlokaasjes lykas musea en by binnensporten. De mûlkapkeplicht jildt wer yn ûnder oare winkels, biblioteken en stasjons.