494 nije coronabesmettingen yn Fryslân, noch nea sa'n soad op ien dei

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 494 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 171 mear as tongersdei. Doe waarden 323 besmettingen meld. Sûnt it begjin fan de pandemy binne der noch net sa'n soad besmettingen op ien dei fêststeld yn ús provinsje.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 306 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed op 279, in wike lyn op 243.
Noch nea binne der op ien dei sa folle besmettingen meld yn Fryslân as freed. It âlde deiheechste wie 325, op 8 jannewaris dit jier. De GGD Fryslân hat gjin ferklearring foar it hege tal besmettingen fan freed.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat is in ynwenner fan Noardeast-Fryslân. Der binne fiif nije pasjinten mei it coronafirus opnommen yn de Fryske sikehuzen. Wêrfan trije út Noardeast-Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 10.949. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 8842.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.