Fertochte brânstichtingen Harns bliuwt foarearst fêst

De Ljouwerter dy't fertocht wurdt fan in tal brânstichtingen yn Harns moat noch op syn minst trije moanne fêstsitte. Dat hat de Ljouwerter rjochtbank bepaald op de pro-formasitting.
© CAMJO media
De Ljouwerter wurdt fertocht fan in grut tal brânstichtingen yn de stêd. Op de foarriedige daging binne in tal brannen útskreaun. It giet om brannen by twa wenten, twa yn 'e brân stutsen auto's en in brân by it pân fan de GGZ, allegear op 17 febrewaris dit jier.

60 brantsjes yn Harns

Tusken jannewaris 2019 en febrewaris 2021 hawwe der sa'n 60 brantsjes west yn Harns, benammen yn de Oosterparkwijk en Plan-Zuid. By op syn minst 22 wie der sprake fan brânstichting. Nei't de plysje yn juny dit jier kamerabylden dielde, kamen der tips binnen. It ûndersyk late lang om let nei de Ljouwerter. Hy waard begjin augustus oanhâlden. It motyf foar de brânstichtingen is net bekend.
De fertochte wie sels net oanwêzich op de sitting. De offisier fan justysje tinkt dat it ûndersyk ein dizze moanne klear is. In definitive sittingsdatum is noch net bekend.