QR-koade foar binnensporten: "Yngewikkeld, mar we wolle sporten bliuwe"

As we sporte wolle, dan moat der dochs in oplossing komme. Sa tinke de measte ferieningen foar binnensporten oer de nijste coronamaatregels, wêrby't minsken in QR-koade ha moatte om binnen te sporten.
Sealfuotbal: aanst allinnich mei in coronatagongsbewiis © Omrop Fryslân, Freark Wijma
Dat seit Anne-Jochum de Vries fan Sport Fryslân. Hy hat tongersdei oerlis hân mei ferskate sportkoepels. "Nederlân hie tongersdei mear as 10.000 nije besmettingen", seit er. "Dat komt ek net goed. Dêrom sil der wol wat gebeure moatte, wolle we ús sport bedriuwe kinne."
It demisjonêre kabinet woe it coronatagongsbewiis - de QR-koade - earst ynfiere foar binnen- en bûtensporten. Nei krityk fan de Twadde Keamer en ferskate sportbûnen binne de plannen in bytsje oanpast: wa't bûten sport, hoecht gjin QR-koade te toanen.
Dochs binne de problemen dêrmei noch net hielendal fuort. "Ast by bûtenferieningen nei binnen ta giest, dan moatst dochs tsjekt wurde. Dus ast de kantine yn giest, it húske of de klaaikeamer."
Dat is it grutte probleem: wa moat dit kontrolearje?
Anne Jochum de Vries (Sport Fryslân)
En foar de binnensporten feroaret der hielendal neat: dêr giet it coronatagongsbewiis dit wykein echt yn. "De earste reaksje by klups is: hoe dan?", seit De Vries. "Troch wa? Want dat is it grutte probleem: wa moat dit kontrolearje? Moatte we hjir in aparte frijwilliger foar ha of komt ien ús helpen?"

Frijwilligerstekoart

Bykommend probleem is dat in soad ferieningen al in tekoart oan frijwilligers ha. "Dat wurdt no allinnich mar yngewikkelder. De earste reaksje is dus frij heftich."
Want ek al kinne ferieningen minsken fine om by de doar te kontrolearjen, dan kin dat ek noch wolris dreech wurde. "We moatte no elkoar kontrolearje. Kinst dus ek ien treffe dy't de boel net op oarder hat, mar wol graach nei binnen ta wol. Dat kin hiel ferfelende situaasjes jaan."

Praktysk ynsteld

Dochs sjocht De Vries dat de men yn it ferieningslibben hiel praktysk ynsteld is. "We wolle sporten bliuwe."
Hjir en dêr tinke gemeenten ek mei: "Yn Raalte bygelyks, dêr wolle se 1.000 euro beskikber stelle oan ferieningen. Flau sein kinst dan noch wol tinke: wat keapest dêr as feriening foar? Moatst minsken fine en dat is in opjefte."

Hoe komt it?

Dus hoe't it dit wykein komt is noch even de fraach. "De plakken dêr't it der profesjoneel oan tagiet, dêr kinst ferwachtsje dat se mei gastmanlju en -froulju wurkje. En fierder tink ik dat guon gemeenten ek mooglikheden sykje om ferieningen te helpen. Der wurdt oan alle kanten oer neitocht."
Sels bliuwt De Vries ek optimistysk: "It is yngewikkeld, mar de measte minsken redenearje dat it glês fol is. Ferieningen wolle in oplossing fine dat it sporten trochgean kin. Dat fyn ik hiel posityf."