Achtkarspelen foarsjocht problemen mei Profronde as nij evenemintebelied trochgiet

It kolleezje fan Achtkarspelen is ferrast troch it nije provinsjale belied oer de organisaasje fan eveneminten. Dat seit wethâlder Jouke Spoelstra.
De Profronde yn Surhústerfean: wethâlder Spoelstra foarsjocht problemen © Orange Pictures
Spoelstra joech antwurd op fragen fan FNP-riedslid IJde van Kammen. De provinsje kundige earder dizze wike nij belied oan foar de organisaasje fan eveneminten yn of by kwetsbere natuer. De provinsje hopet mei it nije belied dat de regels foar organisatoaren dúdliker wurde. De lêste jierren waarden geregeld festivals skrast, nei harrewarjen oer fergunningen.

Ekologysk ûndersyk

Yn de nije regels makket de provinsje in ûnderskied tusken feesten yn en bûten de beboude kom. Dat betsjut foar doarpsfeesten en festivals yn it bûtengebiet al gau dat se ekologysk ûndersyk dwaan litte moatte om sjen te litten dat de skea oan de natuer beheind bliuwt.
Jouke Spoelstra © Omrop Fryslân
Neffens Van Kammen binne de nije provinsjale regels trochslein. Hy woe fan de wethâlder witte oft boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen ek op de hichte brocht binne.

Wethâlder foarsjocht problemen

Wethâlder Spoelstra seit dat dat op bestjoerlik nivo net it gefal west hat. Hy neamt it nije belied ûnútfierber en foarsjocht problemen mei de Profronde en mei buertbarbecues. Hy hopet dat it belied weromdraaid wurdt.

Deputearre: gjin gefolgen foar merken en doarpsfeesten

Deputearre Douwe Hoogland hat earder oanjûn dat de nije regels gjin gefolgen ha sille foar bygelyks merken, doarpsfeesten en optochten mei fersierde weinen. "Dy optochten kinne gewoan holden wurde. Graach sels, want wy binne der net foar om kulturele eveneminten de kop yn te drukken."
It moat der neffens Hoogland just foar soargje dat it proses foar organisaasjes makliker wurdt. "Net dat der op it lêste momint noch ris in 'hiccup' komt en dat it net holden wurde kin omdat der is in hanthaveningsfersyk komt. Dat is wat we no krekt net wolle."