Harnzer radiofedetten nimme ôfskie: "Was su illegaal as de pest"

Sy binne beide 75 jier en stiene oan 'e widze fan Omroep RSH, de lokale omrop fan Harns. Klaas Bijlsma en Henk van Slooten binne troch 'Radio Stad Harlingen' yn it sintsje set mei har ôfskied.
Op de foargrûn Klaas Bijlsma en Henk van Slooten. Steand: Henk Metz, Henk Jan Cornelisse, Tjitske Bruinsma, Wim Velthuis, Theo Huizenga, Martine Smits, Joop van der Heide © Joachim de Ruijter
Bijlsma en Van Slooten komme beide út de radiopiraatwrâld. Fan 1976 ôf wiene sy te hearren op Radio Noordzee. Dat wie de foarrinner dy't fan de jierren 80 ôf mei Radio Stad Harlingen fuortset waard.
Mei Arie Rinsema wiene de manlju aktyf en wichtich yn de begjintiid. Neffens de minsken efter it hjoeddeiske Omroep RSH hawwe Bijlsma en Van Slooten de radio 'hannen en fuotten' jûn mei harren ekspertize.

'Su illegaal as de pest'

"Natuurlijk het was su illegaal as de pest, voor de rechter, boetes, materiaal in beslag nomen, arrestaties, zend-apparatuur in de koeling van bakkerij Bijlsma, jaloezie, maar wat hewwe plezier beleefd aan de radio piraterij", sa ferklearren de manlju.
Henk van Slooten (r) by Omroep RHS © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
De apparatuer stie yn it ferline yn de bakkerij fan Bijlsma oan de Kerkpoortstrjitte. "De apparatuur stond verstopt in de koeling en bij gebruik werd het opgewarmd met een theelichtje", fertelt Bijlsma. Doe't in plysjeman de boel yn beslach nimme woe, baarnde er de hannen oan de waarme apparaten.
It yn beslach nimmen wie dûbeld, want de plysje kaam gergeld efkes del foar in bakje by Radio Noordzee. Mar fanwegen konkurrearjende piraten moast wol yngrepen wurde.

Boetes

"It hat bulten geld koste. Mear as 10.000 gulden oan boetes. Dat was gewoan su. Mar wij hadden in fanklup fan in 1.900 man voor vijf gulden per jaar", seit Van Slooten. Sa koene de stjoerpiraten it dochs wer foarinoar krije.
Henk van Slooten hellet oantinkens op oan de yllegale radiotiid
"Wij binne begonnen in 'n ouwe slagerij, yn in groate kelder was een pekelbak waar wij alles in staan hadden. Dat was heel wat anders. Maar wij speulden 't wel profesjoneel, want wij hadden in heel programma", fertelt Van Slooten.
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar mei Henk van Slooten en Marlies van Bon
Hichtepunten foar him wiene de feestjûnen, mar Van Slooten tinkt ek mei wille werom oan it momint dat Johan van der Zee it programma Van gewest tot gewest yn Harns makke. "Harlingen hat in hoop piraten vroeger. En wij wuden it altied wat beter doen as de anderen", sa jout de radiofedette oan. "Der waren allemaal goede mensen. Gewoan geweldich. Su ging dat."