Provinsjale Steaten wrakselje mei 5 ton ekstra stipe foar iisstadion Thialf

Partijen yn Provinsjale Steaten wrakselje mei de 542.000 euro dy't de provinsje ekstra oan iisstadion Thialf op It Hearrenfean jaan moat. De provinsje is - mei de gemeente Hearrenfean - oandielhâlder fan Thialf en is dêrom yn prinsipe ferplichte om fiif ton by te passen oan it tekoart fan 8 ton, mar it entûsjasme is net grut.
© Orange Pictures
Wachtsje oant it Ryk in beslút nommen hat oer Ryksstipe foar it iisstadion, is neffens deputearre Friso Douwstra gjin goed idee. "In lobby wurket allinnich as je in earlik ferhaal fertelle en dan moatte je ek stean foar je bydrage. In lobby mei as boadskip 'Ik doch wat asto ek wat dochst' sil net wurkje. Myn doel is it behâld fan Thialf as iisbaan foar topsport én breedtesport."

'Lossere relaasje'

Wiebo de Vries fan de ChristenUnie fynt dat de provinsje stribje moat nei in 'lossere relaasje' mei Thialf. De provinsje soe bygelyks besykje kinne om de oandielen oer te dwaan oan in oare partij. "Ik fyn dat we dy mooglikheid ûndersykje moatte. Wy hawwe no trije rollen yn Thialf: we binne oandielhâlder, subsydzjejouwer én tasichthâlder. Dat is wat te folle fan it goeie", seit De Vries.
Hy wit dat de provinsje stean moat foar in diel fan it tekoart fan de iisbaan, mar wol besykje om it jild beskikber te stellen op betingst dat der ek in bydrage fan it Ryk komt. "It is foar ús gjin útmakke saak dat wy dy 5,5 ton jouwe."
Wiebo de Vries fan de ChristenUnie oer Thialf
Deputearre Friso Douwstra is woansdei de hiele dei yn Den Haag om te lobbyen foar in Ryksbydrage oan Thialf. Sa'n lobby hat neffens him allinnich kâns op sukses as de Steaten by de begruttingsgearkomste fan nije wike ek fiif ton ekstra foar Thialf reservearje.
Earst wachtsje op in beslút fan it Ryk sil neffens him net wurkje. "Ik tink dat wy it jild wol earst tasizze moatte, want dan jouwe we oan dat we foar Thialf steane."

Gjin plan B

Douwstra heakket der oan ta dat er wol tidiget op in bydrage fan it Ryk. "As it Ryk net komt, dan hawwe we in grut probleem. Dêr is ek gjin plan B foar." Douwstra fynt in bydrage fan it Ryk foar de iennichste topsportiisbaan fan Nederlân net mear as ridlik. "By de beautycontest tusken Thialf, Almere en Zoetermeer yn 2013 hat Den Haag in bydrage fan 20 miljoen boppe de merk hongen. Dêr is oant no ta net ien sint fan kaam, nul."
Deputearre Friso Douwstra