Fuotbalbûn KNVB: 'Gewoan spylje dit wykein'

Der is in soad ûnrêst en lilkens oer de nije coronamaatregels by sportferienings. Fan dit wykein ôf moat ek dêr kontrolearre wurde op de QR-koade. De sportsektor is poer. Dat ha se it kabinet en de Twadde Keamerleden yn in brief op poaten witte litten.
"Gewoan spylje dit wykein" seit fuotbalbûn KNVB:
De sportbûnen tinke dat dit soarte fan maatregels in dwersferkeard effekt ha sille. It smyt boppedat in soad ûnrêst op by alle frijwilligers dy't alle wykeinen wer aktyf binne op de fjilden en yn de sporthallen.
Under oaren it fuotbalbûn KNVB foarsjocht grutte problemen. Direkteur amateurfuotbal Jan Dirk van der Zee: "Dit is net te dwaan. Seker net foar lytse ferienings. Dit moatte je yn in wrâld fan frijwilligers mar efkes foar inoar sjen te krijen. Dat is net te dwaan en wolle we ek net."

Wanhoop by fuotbalklups

Hy wurdt dêryn befêstige troch Bauke Schaafsma fan VV VIOD út Driezum: "Dit is ûnmooglik. Sjoch hjir op it fjild om je hinne en oeral sjogge je iepeningen. Je kinne fan alle kanten it terrein op komme. It fjild achter my is no leech en ik bin benaud dat dat it byld is foar de kommende wiken."
By Blauw Wit '34 yn Ljouwert sitte se mei de hannen yn it hier. Se kinne sa'n kontrôle mei de app op de QR-koade net oan. "Het is geen onwil", seit foarsitter Henk Buning. "We zijn een nette club, wij willen ons graag aan de regels houden maar het moet wel mogelijk zijn." De klup set alles op alles om dochs alle teams spylje te litten.
In QR-koade as tagongsbewiis foar de hoareka © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Ek Van der Zee fan de KNVB fynt dat der spile wurde moat: "As it sa bliuwt sa't it yn de parsekonferinsje sein is dan moat der spile wurde. Dan giet it gewoan troch. It is dan oan de regionale oerheid wat se dwaan wolle. Ik wit it oars ek net."

'Regelmoeheid'

Dat de nije maatregels ferset opsmite is net frjemd, fynt rjochtsosjolooch Willem Bantema fan NHL Stenden: "De regelmoeheid onder mensen is groot. Dan richt je je om dit af te dwingen ook nog op het verenigingsleven. Dat wekt weerstand op."
Bantema sjocht oerienkomsten mei it ynstellen fan it smookferbod yn de hoareka yn 2005: "De overheid legde toen een maatregel op waarbij de caféhouders dat zelf in hun kroeg moesten handhaven. Waarbij je zag dat veel klanten en de eigenaar zelf ook roken en waarbij het dan moeilijk is mensen naar buiten te sturen."
"Los van dat sociale aspect speelt dan ook het financiële aspect. Denk dan aan een kleine yogaclub die maar 10 klanten heeft en afgelopen jaar veel maatregelen heeft moeten ondergaan. Om dan die mensen naar huis te sturen dan zie je ook inkomsten weglopen."

Hast net te kontrolearjen

Neffens Bantema wurdt it dreech om dit hân te havenjen: "Je bent aangewezen op informele sociale controle dat mensen elkaar aanspreken op het naleven van de maatregel. Je ziet dat hier het draagvlak niet heel groot is, dat er elke keer een wisseling is van de maatregel. Mensen houden daar niet van."
Boppedat, sa seit de rjochtsosjolooch, is de kâns op in boete lyts. "Combineer dat alles en dat maakt het uitvoeren van alle maatregelen en de controle onderling heel erg moeilijk."
Ien fan de earste dingen dy't ik oanskaf is in helm, want oars bin ik bang dat ik in klap op 'e kop krij.
Bauke Schaafsma fan VV VIOD
Dat tinkt ek Schaafsma fan VV VIOD: "As jo ien ha dy't hjir al 30 jier komt en altyd lâns de line stiet en dy hat gjin koade. Dy moatte je dan sizze dat dy net wolkom is. Ien fan de earste dingen dy't ik oanskaf is in helm, want oars bin ik bang dat ik in klap op 'e kop krij."
De organisaasje Sport Fryslân sprekt him ek út tsjin de maatregels dy't troch it kabinet oankundige binne. Se fine de maatregels net mei te wurkjen en tinke dat it der allinnich mar foar soarget dat minsken minder sporte sille.

Leechdrompelich

It statement wurdt makke troch alle 12 provinsjale sportorganisaasjes (Sportkracht12) dêr't Sport Fryslân ek by heart. De organisaasjes fine dat sport leechdrompelich wêze moat omdat beweging fan grut belang is foar de folkssûnens.
Direkteur Anne Jochem de Vries: "We begripe dat der nije maatregels komme en nedich binne. Mar dizze maatregels meitsje de drompel om mei te dwaan oan sport in stik heger. Foar ferienings is dit lestich út te fieren. En dat is sa spitich yn in tiid dat sûnens en bewege sa nedich is."