Klimaatfytsers hoopje op Frans Timmermans

Op 'e fyts fan Amsterdam nei de klimaattop yn Glasgow. Ofrûne snein is in groep fan sa'n tritich klimaataktivisten úteinset mei dy tocht.
© Omrop Fryslân
De aktivisten 'fjochtsje' tsjin de kjeld, rein en de Skotske heechlannen om wrâldlieders sjen te litten dat it neffens harren oars kin en moat. Se hawwe ûnder oare brieven mei fan skoalbern fan basisskoalle De Twiner yn Sint-Jabik.

Boadskip foar Timmermans

Der fytse ek twa Friezen mei: Dirk Kuiken fan Sint Jabik en Ellis Mourits fan Ljouwert.
De fytsers hawwe it bytiden dreech, mar se binne der wis fan dat se Glasgow berikke sille mei de berjochten foar de klimaattop. Acht lekke bannen en swiere bercheftige gebieten meitsje it der net makliker op, mar de reaksjes fan minsken ûnderweis stypje de fytsers. Se hoopje dat Frans Timmermans, vice-foarsitter fan de Europeeske Kommisje, de brieven oannimme wol.
© Omrop Fryslân
Ek yn Dútslân binne Fryske jongerein aktyf. Damien Wierenga fan Easterwâlde is ien fan harren. Se beaen woansdei in klimaatmanifest oan in lid fan de Bundestag oan, de Dútske Twadde Keamer. Sa'n tritich jongelju út Fryslân, Drinte, Grinslân en Oerisel binne op dit stuit yn Niedersachsen. Mei Dútske jongerein biede se yn Stadthagen in klimaatmanifest oan.
Eins soe it manifest it resultaat wêze fan in grutte konferinsje mei lannen fan oer de hiele wrâld yn ferbân mei 75 jier Niedersachsen. Troch corona koe dat net trochgean, mar de Nederlânske en Dútske jongerein ha doe besletten om der mar in oerlis tusken twa lannen fan te meitsjen.
Fryske klimaataktivisten yn Skotlân en Dútslân