FNP yn ferset tsjin nije ekologyske maatregels by eveneminten

De provinsje Fryslân slacht troch mei de nije regels foar it organisearjen fan eveneminten en doarpsfeesten. Dat seit Aant-Jelle Soepboer fan de FNP. Neffens him wurdt it mei de nije regels in poepetoer foar frijwilligers en doarpsbelangen om de fergunningen foar in doarpsfeest rûn te krijen.
De FNP hat in soad ûngerêste reaksjes krigen:
Der komme nije regels foar it organisearjen fan eveneminten en doarpsfeesten. De provinsje makket yn de nije regels in ûnderskied tusken feesten yn en bûten de beboude kom. Dat betsjut foar doarpsfeesten en festivals yn it bûtengebiet al gau dat se in ekologysk ûndersyk dwaan moatte sille, om oan te toanen dat de skea oan natuer en bisten beheind bliuwt.
FNP-riedslid Aant-Jelle Soepboer sjocht neat yn de nije regels: "Ik tink dat it in idioat foarstel is. Myn telefoan stiet readgleon, der binne in hiel soad minsken dy't har hjir drok om meitsje."
Aant Jelle Soepboer fan de FNP © Omrop Fryslân
"Ik ha lêzen, de gemeenten binne op de hichte, de provinsje soe op de hichte wêze. Ik ha in belrûntsje dien: net ien liket op de hichte te wêzen. Dat fyn ik wol soarchlik en dat wylst we hjirmei hiel bot de mienskip ûnder druk sette", seit er.
FNP-riedslid Aant-Jelle Soepboer lilk oer de nije regels foar eveneminten
It giet him benammen om lytsskalige eveneminten, dy't faak troch frijwilligers organisearre wurde. Hy is benaud dat foar dy eveneminten aanst ek ekologysk ûndersyk nedich is. "It giet om eveneminten lykas doarpsfeesten, lykas âldjiersfieringen, mei of sûnder karbidsjitten, yn it ferlinge dêrfan merken, neam it mar op."
De provinsje sil yn de nije regels ûnderskied meitsje tusken yn en bûten de beboude kom. Neffens Soepboer sjitte de measte eveneminten dêr neat mei op. "Je kinne ûnderskied meitsje, mar alle soarten fan eveneminten sille hjir mei krijen ha, alle eveneminten moatte daliks oantoane kinne dat se net skealik binne."

Deastek foar eveneminten

Neffens him kin it der net makliker op wurde mei dizze regels. "Der binne in soad eveneminten dy't yn prinsipe yn de beboude kom binne, mar ek bûten de beboude kom komme, lykas doarpsfeesten mei fersierde weinen."
"Net allinne de drompel wurdt folle heger, mar it krije en hâlden fan frijwilligers wurdt in grut probleem." Hy tinkt net dat minsken nocht hawwe oan ekstra papierwurk. "Jûnen efterinoar yn in kantoarke sitte om dit soarte fan dingen út te sykjen, der hat men hielendal gjin nocht oan. Dus is dit de deastek foar in hiel soad eveneminten."

Gjin gefolgen foar merken en doarpsfeesten

Neffens deputearre Douwe Hoogland binne de regels benammen wichtich foar eveneminten by of yn natuergebieten. "Dan ha we it oer yn de buert fan en yn Natura2000-gebieten, dêr sil in toets dien wurde moatte om te sjen oft it festival op it terrein holden wurde kin."
Neffens Hoogland sille de nije regels gjin ynfloed ha op merken en doarpsfeesten. "Dat kin gewoan holden wurde, allinnich yn de oanfraach fan sa'n evenemint sil de gemeente wize op in oantal punten dêr't oan foldien wurde moat."
© Omrop Fryslân
Optochten mei fersierde weinen kinne dêrom ek gewoan trochgean, seit Hoogland. "Dy optochten kinne gewoan holden wurde. Graach sels, want wy binne der net foar om kulturele eveneminten de kop yn te drukken."
Deputearre Douwe Hoogland leit út wêrom't de plannen it just makliker meitsje foar organisaasjes. "It is der just foar bedoeld dat we mei inoar it proses fan de oanfraach sa soepel mooglik ferrinne litte. Net dat der op it lêste momint noch ris in 'hiccup' komt en dat it net holden wurde kin want der is in hanthavingsfersyk. Dat is wat we no krekt net wolle."
It fersyk fan de FNP om op koarte termyn oer de regels te debattearjen yn Provinsjale Steaten wurdt stipe troch ChristenUnie, CDA, PvdD, SP, GrienLinks, 50Plus en ûnôfhinklik steatelid Maarten Goudzwaard.
Deputearre Douwe Hoogland oer de nije regels
Ien fan de eveneminten dy't rekke wurdt troch de nije regels is it Feanhoopfestival. Foarsitter Jan Feikema is net bliid mei de gong fan saken. "Der wurde samar nije regels de wrâld yn smiten. Wy hawwe al twa jier gjin Feanhoopfestival hân en wy wienen der hielendal klear foar. No komme der wer ekstra regels by en dêr steane wy net om te springen."
Jan Feikema fan it Feanhoopfestival