Mem wrakselet mei ynstânsjes oer betize soan: "Help him"

De mem fan de jongeman dy't begjin oktober mei in wapen op in dak yn Ljouwert stie, besiket al moannen efterinoar har soan twongen opnimme te litten. Neffens har is hy in gefaar foar himsels en foar oaren. Hy is nei it ynsidint oppakt en sit no fêst.
Mar wat is it ferhaal efter dit ynsidint? Wy praten mei freon Wino Bouwens en mem Elles de Vries.
Mem wrakselet mei ynstânsjes oer betize soan: "Help him"
It is krekt foar fiven as de earste berjochten nei bûten komme dat der op de Bredeplaats yn Ljouwert in man neaken mei in fjoerwapen op it dak fan in wenning stiet. De plysje sette in arrestaasjeteam yn en de man koe úteinlik oanholden wurde. Mar wa is hy? En wêrom stie hy op it dak? Mem Elles seit dat hy yn in psygoaze sit. Al moannen oanien.
"Dat houdt in dat hij in een andere werkelijkheid zit. Hij heeft televisie, computer en mobiel de deur uit gedaan. Omdat hij denkt dat hij afgeluisterd wordt. Het zijn ideeën die niet stroken met de realiteit."
Mem Elles © Omrop Fryslân
Freon Wino ken de man al syn hiele libben en hearde de sirenes op dy jûn. Hy wist al gau wat der oan de hân wie, mar is net nei it gebou gien. "Ik wil hem helpen, maar ik wil dat niet zien", seit er.
Freon Wino © Omrop Fryslân
Dit is net it earste ynsidint dêr't de man by belutsen is. Hy wie al bekend by de plysje om't hy yn juny neaken de Ljouwerter fleanbasis ynkrongen is, dêrnei is hy mei in wapen yn syn appartemintekompleks sjoen. De man hat ek boa's bedrige en guod út winkels stellen.

Gjin help

Neffens syn neisten besiket de man om delsketten te wurden troch de plysje. Hy wol net mear libje. Help krije is net wat hy wol. En as syn mem oankloppet by de ynstânsjes, komt se net fierder.
"Er is voldoende reden om hem op te nemen. Hij is een gevaar voor zichzelf. Ik uit keer op keer mijn zorg, maar voor mijn gevoel wordt ik niet gehoord."
Ek syn freon wol dat er help krijt. "Hij is iemand die klaarblijkelijk hulp nodig heeft, maar zelf om die hulp moet vragen en zelf dat absoluut niet gaat doen. Dat betekent dat je vast zit."
© Compact Media
Yn in safolste besykjen ta help benaderet mem Elles boargemaster Buma, twa wiken foar it ynsidint fan 7 oktober. "Het gaat niet om mij, het gaat om mijn zoon. Ik wil dat hij geholpen wordt. Dat is mijn vraag aan de burgemeester, help hem."

Psychologysk ûndersyk

De boargemaster hat ôfrûne freed reagearre op de needgjalp. Yn syn reaksje jout Buma oan dat hy yn dit gefal gjin twongen opname oplizze koe. Hy wol net foar de kamera reagearje om't hy net op yndividuele gefallen yngean wol. De man sit neffens it Iepenbier Ministearje no fêst yn ôfwachting fan it psychologysk ûndersyk. Mar ynhâldlik wolle se net op de saak yngean.
Ik ben ongelooflijk bang dat hij er binnenkort niet meer zal zijn.
Elles de Vries
Sawol Wino as Elles hawwe der gjin betrouwen yn dat it goedkomme sil. "Ik ben ongelooflijk bang dat hij er binnenkort niet meer zal zijn. Ik hou ieder moment rekening met dat ik een telefoontje krijg. Dat ze zeggen: mevrouw, we moeten u iets vertellen, uw zoon is er niet meer."
As minsken harren soargen meitsje oer minsken mei betize gedrach kinne se kontakt opnimme mei it Meld- en Adviespunt Verward gedrag: 0800-1771. Tinksto ek oan selsmoard of makkest dy soargen om ien? Prate dêroer kin anonym: chat fia www.113.nl of belje 113 fergees 0800-0113.
Omrop Fryslân is krekt as oare media ôfhâldend mei berjochtjouwing oer betize minsken. It giet faak om kwetsbere minsken. Dochs is it in ûnderwerp dat bot spilet yn de mienskip. Om't yn dit gefal út ferskate hoeken needgjalpen kamen oer dizze kasus, hat Omrop Fryslân besletten om hjir omtinken oan te jaan.
Ald-boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert warskôge yn 2019 al foar it tanimmende tal betize minsken dat op strjitte bedarret. Dat is no yn de sifers werom te sjen.
Yn 2020 binne yn Fryslân 272 betize minsken mei in krisismaatregel opnommen, dy't ynset waard op gesach fan boargemasters. Dit jier binne dat der oant no ta 128. De gemeente Ljouwert wol hjir net ynhâldlik op reagearje. Omrop Fryslân hat de ôfrûne wiken kontakt socht mei oare belutsen ynstânsjes om der efter te kommen hoe't de situaasje hjoed-de-dei is, mar it is dreech om dêr reaksjes op te krijen.
Iit Iepenbier Ministearje wol ynhâldlik net fierder op de saak yngean. Dat jildt ek foar de plysje. De advokaat fan de man mei gjin kommentaar jaan fan har kliïnt. GGZ Fryslân wol op dit stuit net reagearje.