Dit binne de nije maatregels om it coronafirus te bestriden

Demisjonêr minister-presidint Mark Rutte en demisjonêr minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge hawwe tiisdeitejûn nije maatregels yn ferbân mei it coronafirus oankundige. Sa komme op guon plakken de mûlkapkes wer werom en wurdt it coronatagongsbewiis breder ynset.
© ANP
Fan woansdei ôf feroaret it advys foar thúswurkjen. Dêr't it mooglik is, moatte minsken foar op syn minst de helte fan de tiid thúswurkje. Ek jildt it advys om sa folle as mooglik bûten de spits te reizgjen en drokte te mijen.

Mûlkapkes

Fan sneon 6 novimber ôf is it op mear plakken ferplichte om in mûlkapke op te hawwen. Dit jildt foar alle publike plakken dêr't it coronatagongsbewiis net brûkt wurdt. Dat binne bygelyks:

Coronatagongsbewiis

Fan 6 novimber ôf wurdt it coronatagongsbewiis op mear plakken ynset. It giet dan om:
Minsken krije in coronatagongsbewiis as se folslein faksinearre binne, in bewiis hawwe dat se corona hân hawwe of in test fan maksimaal 24 oeren âld hawwe.

Basisregels

Fierder bliuwe de basisregels fan krêft. Dit betsjut ûnder mear dat minsken thúsbliuwe moatte by klachten en harren teste litte op it coronafirus. Ek jildt der in driuwend advys om oardel meter ôfstân ta oaren te hâlden.