QR-koade om sportskoalle yn te kommen? Tûkelteammen by jongere sporters

In QR-koade om in sportskoalle yn te kommen, dat is ien fan de maatregels dy't it kabinet tiisdeitejûn oankundigje sil. By sportskoalle De Leeuw yn Ljouwert sjogge se benammen tûkelteammen by de jongere sporters.
By de sportskoalle moatte je tenei in QR-koade sjen litte:
Eigener Jelte de Leeuw sil it drok krije: alle leden moatte witte dat se in QR-koade ha moatte. "We hebben een groep van 10 tot en met 14 jaar, wie moeten we wel controleren en wie niet?"
Benammen by de jongere groep kinne der ek noch minsken wêze dy'net faksinearre binne. "Dan zouden ze elke keer moeten testen, dat wordt wel een lastig verhaal."

Alderein gjin probleem

By de âldere groep sporters ferwachtet De Leeuw gjin problemen. "Van deze groep weten we dat ze gevaccineerd zijn. Oudere, kwetsbare mensen, die hebben als een van de eersten de prik gehad, daar zal scannen geen probleem zijn."
Ien fan dy âldere sporters is bliid om werom te wêzen yn de sportskoalle. Hy hat ek gjin beswier tsjin de QR-koade. "Ik heb al zo'n ding op de telefoon, ik kan overal naar binnen. Ik zie wel hoe het komt, ik maak me er niet druk om."
Demisjonêr premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge hâlde tiisdeitejûn wer in parsekonferinsje, nei oanlieding fan it tanimmende tal coronabesmettingen. De parsekonferinsje set útein om 19.00 oere en is live te folgjen op Omrop Fryslân.