Oanspielde brúnfisken op it Waad wiene yn ferwachting

De measte brúnfisken dy't ein augustus dea oanspielden op de Noardseestrannen fan de Waadeilannen, wiene wyfkes. De seesûchdieren wiene koartlyn yn ferwachting rekke, sa hat Universiteit Utrecht witte litten. Mear as hûndert brúnfisken spielden op de eilannen oan.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
In soad fan de brúnfisken binne nei dizze universiteit brocht foar ûndersyk troch ûndersiker Lonneke IJsseldijk. Dy besiket der mei kollega's efter te kommen wat der krekt bard is. Sy promovearret op ûndersyk oer de relaasje nei goed iten en hoe't brúnfisken harren fuortplantsje.
It is noch hieltyd net dúdlik wêrom't der ein augustus safolle deade brúnfisken oanspielden op benammen de Waadeilannen.

Undersyk

It ûndersyk nei de oarsaak fan it oanspielen wurdt dien troch in team fan ûndersikers fan net allinnich de Universiteit Utrecht, mar ek Wageningen Universiteit, TNO en it Ryk. Pas ein dit jier smyt dat mooglik wat op; op syn gaust ein dizze moanne.