VirtuLApp ta in ein brocht: projekt hat taalferskaat nei de klasse helle

It meartaligensprojekt VirtuLApp slút tiisdei nei trije jier ôf mei in slotkonferinsje. It doel fan de Virtual Language App wie it ûntwikkeljen fan in ynnovative multydidaktyske oanpak dy't learkrêften yn 'e klasse brûke kinne yn in meartalige situaasje.
It BabelAR-spultsje © VirtuLApp
De app is in projekt fan Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. In ûnderdiel fan de Fryske Akademy. "It is in projekt dat basisskoalledosinten stipet om alle talen fan de bern yn de les te brûken, ek al praat dy dosint sels net al dy talen", leit projektmeiwurker Ydwine Scarse út. "Wy jouwe har de kennis en de middels om dat te dwaan."

Ferlet

It kin dus gean om it Frysk, mar ek om talen fan bern fan migranten yn de klassen. Neffens Scarse is it ferlet oan de programma's tanaam. "Der is in soad ynteresse. Fanwege corona hawwe wy ek online webinars hân, dêr hawwe mear as 200 minsken har foar opjûn. Dus minsken binne echt wol nijsgjirrich, dosinten wolle ek graach witte hoe't sy soks oanpakke kinne."

BabelAR

Om it brûken fan meardere talen te stimulearjen is ûnder oaren in spultsje foar op de telefoan makke: BabelAR. "Dat is in game foar 7 oant 12-jierrige bern, dosinten kinne it yn de klasse brûke om aktiviteiten op te setten", seit Scarse.
It giet om in augmented reality-game dy't 14 talen brûke kin. "Yn it spultsje is in wêzentsje, Babel, dy't al syn talen kwyt is. Babel freget de bern om te helpen om alle wurden werom te finen, konneksjes te meitsjen en sa syn famylje werom te finen."

Didaktyske help

Mei it projekt is it lykwols net by ien spultsje bleaun. "Der is ek in kennispakket, frequently asked questions. Dêr wurde mei fideo's of tekst antwurden op jûn. Der binne didaktyske fideo's mei foarbylden út de praktyk fan skoallen dy't al sa'n meartalige oanpak hawwe yn Ierlân, Baskerlân en Fryslân. En der is ek in kwis."
Projektmeiwurker Ydwine Scarse
It projekt VirtuLApp is stipe troch it Erasmus Plus programma fan de Europeeske Kommisje. It giet om in ynternasjonaal konsortium, dêr't út Nederlân wei Mercator oan meidie.
Tiisdei en woansdei is der in slotgearkomste yn Ljouwert, dêr't ûnder oare prof. Durk Gorter, prof. Joana Duarte en dr. Mirjam Günther sprekkers binne.