René Hooghiemster nei ûngelok werom op Mallorca: "Hjirmei is de sirkel rûn"

Twa jier nei syn slimme ûngelok is âld-hurdfytser René Hooghiemster foar it earst wer op Mallorca. "Ik woe hiel graach wer nei it sikehûs ta om sjen te litten dat ik sa fier kaam bin."
René Hooghiemster © www.orangepictures.nl
Hooghiemster rekke by dat ûngelok op de fyts slim ferwûne. Hy bruts de rêch en nekke, guon ribben en de heupe. It skeelde neat of hy hie in dwerslesy hân, mar nei acht operaasjes koe de hurdfytser wer nei hûs yn Snits.
It barde allegear doe't er yn in ôfdaling by in auto opfleach. "Ik wit fan de reis yn de ambulânse net in protte mear, wol it momint dat ik op strjitte lei en fernaam dat der wat stikken wie. Dêrnei bin ik fuortfallen."
"Ik ha twa wiken hjir op de intensive care lein, doe bin ik ûnder spesjale begelieding fan in dokter wer nei Nederlân flein", fertelt er. Hy waard nei it MCL ta brocht en moast dêr nochris fiif kear operearre wurde.

Foet ferbrizele

Hooghiemster sit yntusken wer op de fyts, mar it is net mear itselde as earst. "Troch de ferbrizelingen yn 'e boppeskonk is de rjochterskonk 4,3 sintimeter koarter, dus ik ha in oanpaste skoech."
It fytsen hat myn refalidaasje enoarm fersneld.
René Hooghiemster
Dy skoech soarget derfoar dat er wer gewoan rinne en fytse kin. "Sûnder dy skoech kin ik eins ek net goed bewege. Mar op de fyts ha ik minder lêst as mei it rinnen. En dat fytsen hat myn refalidaasje enoarm fersneld."

Werom op Mallorca

No is Hooghiemster werom op Mallorca. Hy woe wer nei de famylje ta dy't him foar it ûngelok altyd opfong. "En ik woe wer graach nei it sikehûs ta om dy sealdokter te betankjen. En it soarchpersoniel hat in hiel swiere tiid hân fansels. Sy ha my der doe wol trochhinne holpen. Ik trof de ambulânsefrou ek noch dy't my fan strjitte helle."
De reis nei it eilân stiet foar Hooghiemster foar de ein fan in lang trajekt: "Foar my is hjirmei de sirkel wer rûn."
René Hooghiemster oer it ûngelok en de reis nei Mallorca