Direkteur Welcome to the Village hâldt op: "Energie is op"

De algemien direkteur fan it festival Welcome to the Village, Ruben Bosch, hâldt op. "Mijn energie om opnieuw te gaan bouwen is op", fertelt er.
Welcome to the Village yn de Griene Stjer © ANP
De lêste kear dat it festival trochgong, wie yn 2019. Doe koe dat noch yn de Griene Stjer yn Ljouwert, al wie it al jierren harrewarjen oer de fergunning.

Fergunningsperikels

Ferline jier foel it festival yn it wetter troch it coronafirus. Dit jier wie net allinnich it firus in probleem, ek de fergunning waard ynlutsen.
Takom jier ferhuzet Welcome to the Village fanwegen dy fergunningsperikels fan de Griene Stjer nei de binnenstêd fan Ljouwert. De stichting Groene Ster Duurzaam wie benaud foar natuerskea en krige gelyk fan de rjochter.
Foar de lange termyn siket it festival om in nije lokaasje. Mar dat moat dus sûnder Ruben Bosch gebeure.

Soad enerzjy koste

"De afgelopen jaren hebben veel energie gekost", fertelt er. "Toen ik kwam, wilde ik bouwen aan de professionalisering en het verstevigen van de organisatie. Dat is in mijn ogen goed gelukt, alleen zonder een festival te kunnen vieren in de afgelopen twee jaar. Dat hakt er mentaal in."
De ried fan tafersjoch fan it festival sil om in opfolger fan Bosch sykje. Dy draacht syn taken op 1 desimber oer.