Hoe ferwurkest in trauma? 'It meunster op 'e nij yn de eagen sjen' helpt

It meunster op 'e nij yn de eagen sjen. Dat is wat se dogge yn de traumaferwurkingsklinyk yn Ljouwert. Wienen terapeuten yn it ferline benaud om sa djip te gean, no wurdt hieltyd mear wittenskiplik ûnderboud oantoand dat it helpt.
Ympresje fan in sessy © Omrop Fryslân
By de intake wurdt goed frege oftst it wol wolst en oftst it echt wolst, want it is swier. Trije moanne lang op sa'n manier mei dyn trauma oan de gong datst it oan de ein fan de rit ferwurke hast. It wurket allinnich as minsken it sels oangean wolle, oant yn de details.
Althea © Omrop Fryslân
Althea is hast klear om nei hûs te gean. Se hat yn de klinyk foar it earst ferteld dat se as lyts famke seksueel misbrûkt is. Foar in langere perdioade. Dat der in soad geweld wie. Binnen en bûten har húshâlding.

Nachtmerjes

Althea komt út Amearika. Se wennet no mei har man yn Fryslân. De bern binne de doar út en doe kaam der tiid foar harsels. Se koe net alles mear fuort tropje. Net langer mear alles nei ûnderen drukke, sa't se sels seit. Se waard lilk en fertrietlik, alle kearen dat se mei har famylje yn Amearika belle hie. En se krige hieltyd faker nachtmerjes.
Psycholooch Annemieke Kamstra oer wêrom't traumaferwurking fan de lêste tiid is:
Nachtmerjes, opnij belibje, negatyf oer dysels tinke, gjin fertrouwen hawwe yn oare minsken, problemen krije yn relaasjes en op it wurk.
Annemieke Kamstra neamt de symptomen op fan minsken dy't yn de klinyk komme mei posttraumatysk stresssteurnis (PTSS), as gefolch fan in trauma. In trauma is as ien geweld meimakke hat. Dat kin seksueel misbrûk wêze, oarlochsgeweld, mar it kin ek gean om bygelyks in slim auto-ûngelok.

Minsken leare dat se it ferdrage kinne

Kamstra is GZ-psycholooch en promovendus trauma-relatearre steurnissen. De opfetting yn de geastlike sûnensoarch hat hiel lang west datst it minsken net oandwaan kinst om sa djip te gean. Ut eangst foar wat dan iepene wurdt en oft dat wol goed is foar ien.
Mar út ûndersyk docht bliken dat it mijen ek net helpt en dat minsken net oerspield wurde troch emoasjes dy't se net oankinne as se sa djip gean. Minsken leare dat se it ferdrage kinne.
Milou oer it meunster op 'e nij yn de eagen sjen:
Mei 'imaginaire exposure' gean se hjir oan de slach. It begjint dermei datst earst dyn ferhaal, dynoantinkens opskriuwst. Dan lêst dat lûdop foar. Dat foarlêzen wurdt opnommen. En dy opnames kinst yn in aparte romte weromhearre. Krekt sa faak as nedich is. Yn de exposureromte lizze bokswanten, stiet in hometrainer, mar ek in grut kessen om op wei te krûpen.
Minsken tinke faak dat se dat net oankinne, dat se dan 'knettergek' wurde, seit Milou. Mar troch de minsken hiel bewust ek yn it 'no' te hâlden, fernimme se hieltyd mear dat se feilich binne. Dat it foarby is. Dan giet hieltyd mear de lading derôf.
Althea oer har terapy:
Althea knypt by de sessy mei terapeut Milou Wiersum hieltyd wer yn har stressbal. Mei har eagen ticht fertelt se hoe't it simmer wie, hoe't se as lyts famke bûtendoar stie. Alle details moatte beneamd wurde. Hoe freeslik ek.
Dat giet Milou somtiden hast ek te fier, mar se wit dat it helpt. En se fynt it prachtich om te sjen hoe sterk oft minsken dan binne. Hoefolle better oft it mei se giet. It trauma wurdt net fuorthelle, mar de lading is derôf.
Altyd in trauma fuortdrukke, is hurd wurkjen foar dyn liif en al dy stresshormoanen dy't dan produsearre wurde, docht in minske gjin goed.
Althea
Althea fielt har no folle rêstiger. Se doart har gefoelens sjen te litten. Se is benijd oft aanst har bipolêre klachten ek ôfnimme. De fraach is oft dy ûntstien binne troch de freeslike dingen dy't se as famke jierrenlang meimakke hat of dat se dat al by har hie.
Althea wit yn alle gefallen wol dat se har lichaamlik ek better fielt. Se hat minder seare gewrichten bygelyks. Altyd in trauma fuort drukke, is hurd wurkjen foar je liif en al dy stresshormonen dy't dan produsearre wurde, docht in minske gjin goed, is har ûnderfining.

Minder spanning

Milou fertelt dat se sjocht dat lichaamlike klachten, lykas astma, earst slimmer wurde, mar oan de ein fan de terapy ferminderje. It ferskil mei oare kliniken is dat se hjir net allinnich mei it trauma oan de slach gean, mar ek mei emoasjeregulaasje, lykas: wat binne dyn wearden en hoe wolst fierder libje ast de doar fan de klinyk útstapst.
Althea sjocht dernei út om nei hûs ta te kinnen. Se hat har meunster op 'e nij yn de eagen sjoen. Se fielt har lokkiger. En is einlik dat stik spanning kwyt.
Hast help nedich? Sykje dan kontakt mei dyn húsdokter.
© Omrop Fryslân
Yn it programma Fan binnenút is fan moandei 1 november mear te sjen oer de traumaferwurkingsklinyk. It komt om 17.15 oere by Omrop Fryslân op telefyzje (en de hiele jûn alle healoeren yn de werhelling).