Fryske klups lotsje thúswedstriden yn twadde bekerronde

Alle Fryske klups ha in thúswedstriid lotte yn de twadde ronde fan de bekerkompetysje: SC Cambuur spilet tsjin NEC, Hearrenfan moat it opnimme tsjin de amateurs fan De Treffers, en Harkemase Boys treft RKC.
Yn 2009 wûn Hearrenfean de KNVB-beker © ANP
De twadde ronde fan de bekerkompetysje wurdt spile op tiisdei 14, woansdei 15 en tongersdei 16 desimber.
De lotting is geunstich, seit sportferslachjouwer Andor Faber. "Hearrenfean hat it it bêste foar mekoar. Dy ploech spilet tsjin amateurs, fan itselde nivo as de ploech dêr't se de foarige bekerwerstriid fan wûn ha. Al wie dat ek net maklik.
Cambuur hie it folle minder treffe kind. NEC hat yn de kompetysje mar twa punten mear as de Ljouwerters.
Harkemase Boys sil benammen bliid wêze mei in thúswedstriid. Yn dizze ronde geane alle ynkomsten fan de kaartferkeap noch nei de thúsploech, en De Bosk sil goed fol sitte."
Neffens ferslachjouwer Roelof de Vries hie it minder kind.
"As amateur yn de beker lotsje je it leafste in oare amateur, dan is de kâns dat je winne it grutste. En as dat net slagget, in thúswedstriid tsjin in topploech. Dêr wurdt noch jierren oer praat. RKC sit der presys tuskenyn.
En dan noch in opfallend feitsje oer De Treffers: dy ploech waard oant foarige wike traind troch Jan de Jonge. Dy hat ek by Hearrenfean oan it roer stien. No giet er nei in profklup yn Turkije."
Yn de earste ronde fan de KNVB-beker ûntsnapte Hearrenfean oan in blamaazje. De Fryske profs kamen mei 1-0 achter tsjin de amateurs fan AFC út Amsterdam. Pas in kertier foar de ein kaam Hearrenfean op likense hichte. It waard 2-1.
Cambuur pleatste him frij ienfâldich foar de twadde ronde. Yn Amsterdam wienen de Ljouwerters mei 0-5 te sterk foar de amateurs fan Ajax.
Harkemase Boys spile tsjin kompetysjegenoat DOVO út Veenendaal. De treddedivyzjonisten gongen lang lykop. Pas yn de ferlinging koene de Harkiten it winnende doelpunt skoare. It waard 2-1.