Finaledebút Femke Faber duorret oardel sekonde en is goed foar goud

It Nederlânsk kuorbalteam hat foar de achtste kear op rige de Europeeske titel wûn. Yn de finale tsjin België waard it yn in kolkjende Lotto Arena yn Antwerpen úteinlik 17-21 foar TeamNL.
© Marco Spelten
Femke Faber makke har debút yn Oranje op in grut eintoernoai. Flak foar de ein fan de wedstriid makke se har debút yn in ynternasjonale finale. Oardel sekonde letter wie it alwer dien. Doe hie se goud. De bal hat se net rekke. Se sjocht lykwols werom op in tige slagge EK.
Yn de pûlfaze spile se twa hiele wedstriden, dêr't se tsien goals yn makke. Yn de heale finale tsjin Dútslân foel se yn it lêste kwart yn en wist se ek wer te skoaren.
Finaledebút Femke Faber duorret oardel sekonde en is goed foar goud
It is de achtste kear dat it EK holden wurdt. Nederlân wûn se allegear. België wie seis kear finalist en pakte dus ek seis kear sulver. Yn 2002 wûn Tsjechië sulver, en yn 2018 gie it twadde plak nei Dútslân. België waard doe fjirde, efter Portugal.
Bûnscoach Jan Niebeek wint EK goud
Foar tûzenen fanatike taskôgers seach bûnscoach Jan Niebeek dat Oranje fol oan de bak moast tsjin in bloedfanatyk Belgysk team. De Belgen kamen mei 3-1 foar, mar dêrnei naam Nederlân it oer. By it skoft wie it 7-13.
Nei it skoft waard it ferskil lytser. België die der alles oan om de titel yn eigen hûs binnen te heljen, mar dat is net slagge. De Belgen kamen oant fjouwer goals ferskil werom, mar koenen net foarkomme dat Oranje mei it goud nei hûs giet.
Yn 2023 is it WK yn Taiwan. Dêr dogge de nûmers trije en fjouwer fan de wrâldranglist, Taiwan en Sina in goai nei de haadprizen. Nederlân en België binne de Europeeske favoriten. Dútslân stiet fiifde op dy list.