Rypster suvelfabryk giet lêste wykein yn: "It wie krekt as gûlde it fabryk"

Nei 130 jier slút it suvelfabryk fan Dronryp definityf de doarren. It meitsjen fan tsiis hold yn 2011 al op, mar it fabryk produsearre de lêste jierren noch molkpoeierprodukten. Ek dêr komt in ein oan troch de reorganisaasje fan FrieslandCampina.
Sluting lokaasje FrieslandCamping Dronryp
Jurjen Kuurstra is sekretaris fan Wurkgroep Histoarysk Dronryp. Hy fertelt dat it fabryk yn 1891 opset is troch 25 boeren. "Boargemaster Bergsma hat doe de oanset jûn op hjir de 'Coöperatieve Zuivelfabriek Dronrijp' op te setten. It is mei 300 kij begûn as bûterfabryk."

44 ferskate soarten tsiis

Nei de bûter kaam hieltyd mear de tiis, fertelt Kuurstra. "Op in gegeven stuit makken sy hjir wol 44 ferskate soarten tsiis. It fabryk is grutter wurden om't it oare fabriken oernaam: Rie, Berltsum, Winsum, Easterlittens. It fabryk hat yn de oarloch ek wol in minne tiid hân. Doe wie der sels in tekoart oan molkbussen."
Letter gie it wer better, flink better sels. "Om 1979 hinne wie it it grutste tsiisfabryk fan Europa. Doe wurken der ek sa'n 89 minsken", seit Kuurstra.

Yngripend foar Dronryp

It tsiisfabryk moast yn 2011 al ticht. Neffens Kuurstra wie dat hiel yngripend foar Dronryp. "Ek foar mysels: myn heit hat der wurke, myn soan hat der wurke. Ik wie hûsskilder en haw der ek hiel wat ôfferve."
Der wiene minsken dy't mei triennen op de dyk stiene. It wie krekt as gûlde it fabryk.
Jurjen Kuurstra fan Wurkgroep Histoarysk Dronryp
Kuurstra hat bysûndere oantinkens oan dy lêste tsiisdei. "Doe't it fabryk ophold hat de technyske tsjinst noch in stoomfluit oan it fabryk hongen. Elts healoere gie dy ôf, it wie troch hiel Dronryp te hearren. Der wiene minsken dy't mei triennen op de dyk stiene. It wie krekt as gûlde it fabryk."
Jurjen Kuurstra fan Wurkgroep Histoarysk Dronryp
"Wy hiene mear bining mei it âlde fabryk as dy fan no", jout Kuurstra ta. "Hy wie eins al ticht foar ús. De fraach is wat der no mei it terrein barre sil."